Domtsjerke fan Havelberg
De Domtsjerke Sint-Marije is in protestantske tsjerke yn 'e hânzestêd Havelberg yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. Eartiids wie it de katolike katedraal fan it bisdom Havelberg, dat yn it jier 946 of 948 troch kening Otto I stifte waard. It bisdom waard yn it ramt fan it kerstenjen fan 'e yn it easten wenjende Westslaven oprjochte. Nei de reformaasje waard it bisdom opheft en tsjintwurdich wurdt de tsjerke brûkt troch de protestantske mienskip. Eigner fan de domtsjerke is de kultuerstifting Saksen-Anhalt.
Domtsjerke Sint-Marije
Dom Sankt Marien | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Saksen-Anhalt | |
lânkring | Stendal | |
plak | Havelberg | |
adres | Domplatz 3 | |
koördinaten | 52° 49' N 12° 4' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Evangelyske Tsjerke yn Dútslân | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1279-1330 | |
boustyl | romanogotyk | |
Webside | ||
Side domtsjerke | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt katolike bisdom Havelberg waard om 948 hinne troch kening Otto I as ûnderdiel fan 'e Dútske kolonisaasje en de kristlike missy fan 'e Westslavyske gebieten yn it lângreveskip Brandenburch stifte. Tegearre mei it bisdom Brandenburch wie Havelberg ien fan 'e ierste Dútske bisdommen eastlik fan 'e Elbe. De hjoeddeiske katedraal waard mei it kleaster fan 'e premonstratinzerske oarder yn 'e midden fan 'e 12e iuw boud. Op 16 augustus 1170 waard de tsjerke oan Us-Leaffrouwe wijd. Yn 1271 ferhûze it wenstee fan 'e biskoppen nei it biskoplik kastiel yn Wittstock, wylst de tsjerke fan Havelberg katedraal bleau.
Nei grutte skea troch brân waard it romaanske gebou tusken 1279 en 1330 yn goatyske styl ferboud. It doksaal en de koerhekken datearje fan 1400.
It kapittel gyng yn 1561 mei de reformaasje oer op 'e nije lear. Karfoarst Joachim Freark hefte yn 1598 it bisdom Havelberg op.
Sûnt 1996 hearre de domtsjerke en de Sint-Laurentiustsjerke fan Havelberg ta ien tsjerklike gemeente. Yn 1996 waard de dom oerdroegen oan 'e domstifting fan de dielsteat Saksen-Anhalt. De domstsjerke foarmet in ûnderdiel fan 'e toeristyske rûte "Straße der Romanik".
Bouskiednis
bewurkje seksjeDe domtsjerke fan Havelberg is ien fan 'e bêste foarbylden yn Dútslân fan 'e saneamde "Saksyske westgevel", dy't hjir sûnder dekoraasjes is en troch it ûntbrekken fan finsters in massyf blok foarmet. De westgevel mjit 30,2 x 6,1 meter en is 31 meter heech. It ûnderste diel is boud fan natoerstien út in groeve yn Plötzky by Schönebeck, dêrnei waard heger mei bakstiennen boud.
Yn 'e jierren 1840-1841 liet de Prusyske steat in restauraasje oan 'e tsjerke útfiere. Yn dy tiid krige de tsjerke in neffens de moade fan dy tiid neogoatysk portaal. Tusken 1907 en 1909 folge de fierdere restauraasje fan 'e fûneminten en de ferwulften. It westwurk krige doe in neoromaanske ferdjipping foar de klokken mei fiif arkades en in dakruter, wylst it 19e-iuwske neogoatyske portaal ferfongen waard troch in neoromaansk portaal.
Oarspronklik hie it westwurk fan 'e tsjerke op in hichte fan likernôch 22 meter in krâns fan kantelen. Yn 'e 19e iuw waard tocht dat de tsjerke in wartsjerke west hat, de sichtbere naden yn 'e muorre foar it ljocht soene dêrby as sjitgatten tsjinne ha. Dy oanname waard yn 1997 wjerlein troch ûndersiker Reinhard Schmitt, dy't ornearre dat de tsjerke sûnt it begjin al in portaal yn it westen en trije brede tagongen nei it skip hân hat en dêrom nea as wartsjerke tsjinne hawwe koe.
Ynterieur
bewurkje seksjeUt 1300 datearje in krúsigingsgroep op de triomfbalke, trije sânstiennen kandlers en de iken koerbanken. De 20 reliëfs en 14 bylden fan sânstien fan it doksaal en de hekken fan it koer stelle lykas de brânskildere ramen foarstellings út it libben fan Jezus foar en binne begjin 15e-iuwsk. De trije brânskildere ramen mei kristlike foarstellings op 'e noardike kant fan it tsjerkeskip waarden yn 1895 troch it Königliches Glasmalerei-Institut yn Berlyn restaurearre.
It heechalter waard yn 1700 boud. Tegearre mei de preekstoel út 1693 heart it ta de barokke tafoegings. De Sint-Annakapel waard yn it jier 1508 yn it súdlike sydskip ynboud, it renêssânse doopfont waard yn 1587 makke.
De twa ramen mei wapens binne oan it begjin fan de 20e iuw troch Alexander Linnemann en Otto Linnemann út Frankfurt am Main makke.
Yn 'e tsjerke stiet in grêfmonumint fan albast foar biskop Johann von Wöpelitz.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan 'e domstsjerke giet werom op in barok ynstrumint út 1777 fan 'e oargelbouwer Gottlieb Scholtze (Ruppin), in learling fan oargelbouwer Joachim Wagner út Berlyn. Oarspronklik hie it oargel 29 registers ferdield oer twa manualen en pedaal. It oargel waard yn 1796, 1860 en 1891 feroare en krige doe in romantyske klank. Yn 'e Earste Wrâldkriich moasten de pipen fan 'e oargelkas útboud en ôfjûn wurde. Letter waarden de pipen wer ferfongen en sûnt 1938, 1951 en 1965 is der besocht it oargel wer in barok klankideaal te jaan. De tsjintwurdige disposysje bestiet út 34 op twa manualen en pedaal.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Marien (Havelberg) Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|