Domtsjerke fan Sankt Pölten

De Domtsjerke fan Sankt Pölten, ek de Domtsjerke Marije-Himelfeart (Dútsk: Dom Mariä Himmelfahrt) is de katedraal fan it yn 1785 stifte Eastenrykske bisdom Sankt Pölten. Oant de troch Joazef II ynfierde de sekularisaasje yn 1784 wie it de kleastertsjerke fan de augustiner koarhearen. Alhoewol't de kearn fan it gebou út de romaanske tiid datearret, is it dochs benammen in barok bouwurk.

Domtsjerke Marije-Himelfeart

Dom Mariä Himmelfahrt

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Neder-Eastenryk
plak Sankt Pölten
adres Domplatz 1
bysûnderheden
type bouwurk Barok
boujier ± 1150
boustyl Romaanske arsjitektuer en barok
monumintale status Monumint
monumintnûmer 778 [1]
offisjele webside
Domtsjerke Sankt Pölten

Skiednis bewurkje seksje

De skiednis fan de tsjerke giet werom op it jier 790, doe't de bruorren Adalbert en Otakar út it troch har stifte kleaster Tegernsee in dochterkleaster yn Sankt Pölten stiften. De benediktynske muontsen namen ek reliken fan Sint-Hippolytus mei, de hillige dy't de stêd de hjoeddeiske namme joech. Sûnt 828 wie it kleaster besit fan it prinsbisdom Passau. By in Hongaarske ynfal yn 907 waard it kleaster folslein ferneatige en it duorre oant nei de Slach op it Lechfjild yn 955 dat weropbou folge.

De earste skriftlike fermelding fan it kleaster datearret fan in oarkonde út 976 fan keizer Otto II foar biskop Pilgrim fan Passau. Under biskop Altmann fan Passau waard it kleaster in Augustiner koarenhearenstift mei de apostel Petrus as patroanhillige. Yn de 12e iuw waard it haadalter oan de hilligen Stefanus en Hippolytus wijd.

Hjoeddeisk gebou bewurkje seksje

 
De dom yn 1400

Om 1150 hinne waard in trijeskippige tsjerke sûnder transept mei dûbele tuorren as westwurk boud. Nei in brân tusken 1267 en 1280 wie in foarse ferbouwing needsaaklik. Dy tsjerke waard yn 1228 troch biskop Gebhard oan de himelfeart fan Marije wijd en dat is sa oant de dei fan hjoed bleaun. De tsjerke waard yn 1512 nei in grutte stedsbrân restaurearre, wêrby't de noardlike toer ôfbrutsen waard en gjin weropbou folge.

It hjoeddeiske oansjen fan de domtsjerke ûntstie yn de 17e iuw. In nije brân fan 1621 makke in ferbouwing nedich, dy't yn de styl fan de iere barok plakfûn. It lêste hichtepunt yn de bouskiednis fan it doedestiidske kleaster fûn plak ûnder proast Johann Michel Führer. De heechbarokke praal fan it Stift Melk en gebouwen út de omkriten hiene grutte yndruk makke op de proast. De kleastergebouwen soene mei in twadde ferdjipping ferhege wurde en de tsjerke soe, ynklusyf de noch besteande toer, trije tuorren krije. It hiele ynterieur waard fernijd en de besteande toer waard ferhege en krige in nije bekroaning. Mar it stift rekke oan reapsein en de plannen koene net foltôge wurde.

Arsjitektuer bewurkje seksje

 
Ynterieur

Eksterieur bewurkje seksje

De plattegrûn fan de bûtenmuorren bestiet noch foar in grut part út it om 1150 hinne boude gebou. Nei in brân waard de tsjerke tusken 1267 en 1280 yn letromaanske styl ferboud. De domsterke grinzget oan de noardlike kant oan de kleastergong. Fral troch de bekroaning fan de toer krige de letromaanske tsjerke in barok oansjen. Fan de letromaanske tsjerke bleaune ek de apsis en de súdlike gevel bewarre. Boppe it haadportaal op de westlike kant wurdt de gevel fersierd mei de bylden fan Hippolytus (lofts) en Augustinus (rjochts).

 
Oargel

Ynterieur bewurkje seksje

Jakob Prandtauer, Joseph Munggenast, Daniel Gran en Bartolomeo Altomonte joegen de tsjerke in barok ynterieur. De fresko's waarden foar in part troch Thomas Friedrich Gedon oanbrocht. De Roazenkrânskapel bleau lykwols orizjineel. Foar de treppen fan it alter is de trep nei de grêfkelder fan de biskoppen.

Oargel bewurkje seksje

It oargel waard yn 1973 boud troch de Switserske firma Metzler Orgelbau. It ynstrumint hat 36 registers op 3 manualen en pedaal. De oargelkas stamt fan it oarspronlike oargel, dat troch Johann Ignaz Egedacher yn 1722 boud waard.

Klokken bewurkje seksje

De dom hat in hast kompleet barok klokkenensemble, dat yn 1696 troch Mathias Prininger út Krems getten waard. Ien klok waard yn de Earste Wrâldkriich foar de kriichsyndustry omraand en is yn de jierren 1950 ferfongen troch in nije klok.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side