Domtsjerke fan Wiener Neustadt
De Dom fan Wiener Neustadt (ek: Us-Leaffrouwedom, Dútsk: Liebfrauendom) is in oarspronklik letromaansk tsjerkegebou yn de Eastenrykske stêd Wiener Neustadt.
Us-Leaffrouwedom
Liebfrauendom | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Eastenryk | |
dielsteat | Neder-Eastenryk | |
plak | Wiener Neustadt | |
adres | Domplatz | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1192-14e eeuw | |
boustyl | Letromaanske arsjitektuer, gotyk | |
monumintale status | Monumint | |
monumintnûmer | 10535 [1] | |
offisjele webside | ||
Domtsjerke Wiener Neustadt |
De roomsk-katolike domtsjerke waard yn 1279 as parochytsjerke wijd oan de Jongfaam Marije en Rupert fan Salzburg. Om't de stêd by de stifting noch ta it hartochdom Stiermarken hearde en sadwaande ek ûnder it prins-aartsbisdom Salzburg krige de tsjerke as twadde patroanhillige Sint-Rupert .
Fan 1468 oant 1785 wie it de katedraal fan it bisdom Wiener Neustadt.
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak en de oriïntaasje fan de bou fan de dom is it gefolch fan bewuste midsiuwske stedsplanning. De as fan it tsjerkeskip snijt de noardlike en westlike kant suverkrekt yn it midden en wiist nei it plak dêr't op pinkstersnein op 24 maaie 1192 de sinne opgyng. De datum komt oerien mei de dei dat Leopold V troch keizer Hindrik VI ta hartoch fan Stiermarken beneamd waard. In jier letter, op 16 maaie 1193, waard it koer orriïntearre nei de opkommende sinne. By lettere goatyske feroarings bleau de oriïntaasje ûnferoare.
Tagelyk mei it krijen fan it parochyrjocht waard yn 1207 útein set mei de bou fan in parochytsjerke, dy't oarspronklik út it hjoeddeiske tsjerkeskip en de westlike tuorren bestie. Op it plak fan de romaanske apsis waard yn de 14e iuw in transept en in koer yn goatyske styl boud. Ek waard in sakristy tafoege. Tsjin it ein fan de 15e iuw krige de tsjerke tolve libbensgrutte bylden fan de tolve apostels, makke troch Lorenz Luchsperger.
De tsjerke wie fan 1469 oant 1785 in biskopstsjerke, mar de ynfloed fan de biskop bleau beheind ta it gebiet fan de stêd Wiener Neustadt.
De oarspronklik as protestant grutbrochte en ta it roomske leauwe bekearde Melchior Klesl liet de ierbarokke preekstoel bouwe. It letbarokke heechalter mei in skilderij fan Gianbettino Cignarol fan de Marije-Himelfeart waard yn 1776 ynwijd.
Nei ierdskoddings waarden de 64 meter hege tuorren fan de tsjerke brekfallich. Yn 1886 waarden de tuorren ôfbrutsen en neffens âlde tekenings ûnder lieding fan de Weenske arsjitekt Richard Jordan tusken 1892 en 1899 op 'e nij boud.
Fan 1975 oant 1999 waard de hiele domtsjerke restaurearre.
Brân
bewurkje seksjeOp 6 maart 2012 waard der mei opsetsin brân yn de eardere doopkapel fan de domtsjerke stifte. De brânwar koe it oerslaan fan it fjoer nei it dak tefoarren komme, mar de reek en it wetter fan it dwêsten soarge foar grutte skea oan de dom. It hiele oargel moast oant yn de lytste ûnderdielen demontearre en skjinmakke wurde. De skea wie mear as 1 miljoen euro en de tsjerke gyng foar seis moannen ticht. In jonge fan fyftjin jier krige foar it mei opsetsin yn 'e brân stekken fan it gebou in straf mei betingst.
Oargel
bewurkje seksjeIt sleepladen-oargel fan de tsjerke waard yn 1989 troch de Eastenrykske oargelbouwer Gerhard Hradetzky boud en hat 41 registers ferdield oer trije manualen en pedaal.
Dommuseum
bewurkje seksjeYn de súdlike toer is in museum ûnderbrocht, dêr't dokuminten, ôfbylden en keunstwurken oer de bouskiednis fan de dom te sjen binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|