Dooitze Eelkes Hinxt
Dooitze Eelkes Hinxt (Dokkum, 1741? – Teksel, 20 oktober 1797) wie in Frysk marine-offisier. Hy wie in soan fan keapfardijskipper Eelke Tabes Hinxt út Dokkum.[1] Hinxt stoar oan board fan it marineskip Beschermer oan ferwûningen dy't er oproan hie yn de Seeslach by Kamperduin.
Keapfardijskipper
bewurkje seksjeDooitze Eelkes Hinxt kaam út in Roomsk-Katolike húshâlding.[2] Syn heit wie keapfardijskipper dy't ûnder oaren op it Eastseegebiet fear. Yn de periode 1764-1780 fear Hinxt sels as skipper op it kofskip Aemelia Dorothea.[3]
Fryske Amiraliteit
bewurkje seksjeYn 1782 gie Hinxt yn tsjinst by de Fryske Admiraliteit. Hy waard Luitenant-op-see en krige it befel oer de kotter Snelheid.
Bataafske marine
bewurkje seksjeBy de ûngeregeldheden fan 1787 tusken de Patriotten en Prinsoanhingers bleau Hinxt neutraal, hie er wol kontakt mei Patriotten. Doe't dy yn 1795 oan de macht kamen, sluet Hinxt him oan by de Bataafske marine.
Oantins
bewurkje seksjeDooitze Eelkes Hinxt syn dea krige omtinken yn in protte kranten. De Makkumer dichter Dirk Lenige skreau sels in lofdicht[4]:
- GRAFSCHRIFT OP DEN CAPITEIN D.E.HINXT
- Hebt ge immer om zijn deugd, die hem deed zegevieren,
- Een vaderlandschen held de onsterflijkheid gewijd;
- Bataaf, strooi op dit graf dan groenende eerlaurieren,
- Ten loon zijns moeds, betoond in 't heetste van den strijd,
- Ja, die dit oord genaakt, gevoel een plegtig beven!
- Het was voor Nederlands Vlag en 't heil van Bato's strand,
- Dat Hinxt, zijn pligt getrouw, voor Egmonds duin moest sneeven.
- Dan neen... Hij leeft in 't hart van 't dankbaar VADERLAND. [5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|