Fermanje fan Drylts
(Trochferwiisd fan Doperske tsjerke (Drylts))
De Fermanje oan de Iegrêft is de tsjerke fan de mennistegemeente fan Drylts.
Dryltster Fermanje | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Drylts | |
adres | Iegrêft 28 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1857 | |
arsjitekt | M.N. Molenaar | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39856 | |
offisjele webside | ||
Side mennistegemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste stien foar de sealtsjerke waard op 13 maaie 1857 lein en al op 27 septimber koe de earste tsjinst holden wurde. De klokgevel stiet tusken twa tsjinstwenten (foar de koster en de konsistoarje) efter de roailine efter in hek fan getten izer. Foar de tjerke mei in trijesidich koer waard yn 1857 boud neffens in ûntwerp fan Meinse Molenaar.
Boppe de neoklassisistyske tagong stiet de tekst: Eenheid in 't nodige - Vrijheid in 't onzekere. In alles de liefde.
De tsjerke is yn 1989 restaurearre.
Oargel
bewurkje seksjeIt ienmanualige oargel waard yn 1881 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud en op 11 desimber 1881 yn gebrûk nommen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|