Minnistetsjerke (Snits)

(Trochferwiisd fan Doperske tsjerke (Snits))

De Minnistetsjerke is in neoklassisistyske sealtsjerke yn de binnenstêd fan de stêd Snits.

De tsjerke, Singel 28

De fermanje is boud yn 1842 nei ûntwerp fan P.J. Rollema. It gebou is oanwiisd as ryksmonumint. De tsjerke oan de Singel stiet net direkt oan de iepenbiere wei, mar wat ferskûle. Dat wie oant de 19e iuw faak sa foar tsjerkegebouwen fan leauwens- mienskippen dy't, lykas de mennisten, net ta de grifformearde tsjerke hearden.[1]

Oan de foarkant sit in ymposante gevel mei rûnbôgefinsters, Doaryske pilasters, in fries en in trijehoekich gevelfjild. Yn de sydgevels sitte finsters yn spitsbôgefoarm. De binnenside fan de tsjerke hat in saneamde healrûne sluting mei oan de siden Korintyske pylders. Dy pylders drage in kroanlist dy't laat nei in flak plafond. De kânsel hat in neogoatyske foarm.

It oargel út 1786, makke troch A. van Gruisen waard yn 1847 útwreide troch J.C. Schreuer. Dêrby binne dielen fan it âlde oargel, lykas it piipwurk en it wynlaad, op 'en nij brûkt.[2]

Yn 1972 wie der in grutte brân yn de tsjerke, de skea is folslein restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Gemeente Snits, Provinsjue Fryslân, Rykstsjinst foar Argelogy, Kultuerlânskip en Monuminten (2008) Sneek. Plak fan útjefte: Amersfoort
  2. Jan Lindeman hat oargelist yn dizze fermanje west.