Dotingastate (Marsum)
Dotingastate of Grut-Dotinga wie in state ten westen fan de âlde Middelseedyk ûngefear healwei Marsum en Ritsumasyl, gemeente Menameradiel. De pleats dy't der no stiet is net te besichtigjen, it tichtbye Poptaslot is op ôfspraak te besichtigjen.
15e iuw
bewurkje seksjeDotingastate bestie al yn it begjin fan de 15e iuw. Yn 1439 makket Wpcka Doyema (Oepke Dotinga) syn testamint op en docht dêryn meardere skinkingen oan de tsjerken en geastliken yn de omjouwing.
Tritich jier letter, yn 1470, is Oefcke Dottyngha "greetman" (= skiedsrjochter) oer de Marsumer himrik op it nijlân yn de eardere Middelsee. Mei sa'n funksje yn dizze tiid fan de duorjende plonderingen fanút Ljouwert sil hy grif in sterke stins hân hawwe. Om 1500 is Oepke syn soan Fedde Dotinga eigener. K.J. van den Akker skriuwt yn syn boek "Van de mond der oude Middelzee" oer Grut-Dotinga: "Wij weten nog dat George van Saxen in 1515 zijn rechten op Friesland aan Karel V verkocht. Maar Friezen zijn nu eenmaal Friezen en in Keizer Karels dagen waren ze zo, dat niet iedereen maar direct was ingenomen met wat er van hem begeerd of aan hem opgelegd werd. Dat blijkt al dadelijk hieruit, dat ze pas in 1524 Karel als heer erkenden. Maar tussen 1515 en 1524 speelde zich hier nogal wat af. Dat ondervond ook Fedde Dotinga, de bewoner der stins. Deze behoorde tot de weerspannige onderdanen, wier huizen en stinzen door Karel V de 12de Februari 1517 verbeurd verklaard werden om afgebroken te worden ten behoeve der versterking van Leeuwarden".
Sadwaande foel Grut-Dotinga, dochs is it wer opstien, al is it dan yn in oare foarm. Wannear't soks barde is net bekend, mar de soad "âlde Friezen" (kleastermoppen) dy't no noch oan de foarein fûn wurde, wize der op, dat de fan de eartiidske stins komme. De skuorre is grif fan folle jongere datum (op in stien yn de muorre stiet it jiertal 1789), wylst de stalling yn de jongere tiid de wenstige modernisearring ûndergien hat. Fan eventuele âlde kelders, sa't dy wol by âlde boarchten oantroffen wurde, is hjir gjin spoar fan te ûntdekken.
16e iuw
bewurkje seksjeOp it stee fan de stins is yndie in nij hûs setten, want yn 1543 wennet hjir Anle Abbes Dotinga en letter syn dochter Ymck fan Dotinga dy't troud is mei Wopcke Pieters Popta. Yn 1640 is de state neffens it stimkohier fan dat jier eigendom fan Watze fan Camminga en yn gebrûk by Olphert Gatzes.
17e iuw en 18e iuw
bewurkje seksjeTsjin de ein fan de 17e iuw is de state/pleats eigendom fan Wilco Holdinga baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg. Se bestie doe út "huizinge, schuur, hooiberg, bomen en plantagie" en 80 pûnsmiet lân. Dy liet dit besit yn 1691 ferkeapje en de lêste bieder "bij het uytgaen van de keerse" wie de hear B. Jelmers te Bitgum. Spitigernôch foar him makke abbekaat dr. Hendricus Popta, eigener fan it Poptaslot, as nêistlizzer gebrûk fan syn "recht van niaer" en waard dy besitter fan Grut-Dotinga foar it troch Jelmers útbrochte bod fan 67 goudgûnen en 7 stuorren de pûnsmiet. Blykber wie de Popta-stichting in goede lânhear, want nei Wijbe Hilbrands dy't der wenne fan 1712 - 1743 kaam Auke Doekles Tolsma en dy syn neisieten bleaunen der wenjen oant 1916: hast 2 iuwen!
Dotingastate / Grut-Dotinga yn Marsum wurdt troch guon skriuwers ek wol as Lyts-Dotinga fermelde, as ûnderskied fan Dotingastate / Grut-Dotinga ûnder Dronryp. Dit is lykwols fout. Lyts-Dotinga wie in pleats, op de kaart fan Schotanus en Halma (± 1700) fermeld as "Lutcke Dotinga". Dizzze pleats stie folle tichter by it doarp, ten easten fan de âlde seedyk, dus op it nijlân, skean foar Heringastate / Popta-slot oer. Mooglik is dizze pleats stifte troch Oefcke Dottyngha doe't dy om 1470 "greetman" wie oer dit diel fan it Marsumer grûngebiet.
Bewenners
bewurkje seksje- ± 1439 Oepke Dotinga
- 1470 Oepke Dottyngha
- ± 1500 - 1524 Fedde Dotinga
- 1543 Anle Abbes Dotinga
- Ymck fan Dotinga, troud mei Wopcke Pieters Popta
- 1640 Watze fan Camminga
- - 1691 Wilco Holdinga baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg
- 1691 dr. Hendricus Popta
- ± 1935 P.D. Bouma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|