Douglas DC-4

(Trochferwiisd fan Douglas C-54 Skymaster)
Douglas DC-4


Rol Transport- en passazjiersfleantúch
Makker Douglas Aircraft Company
Earste flecht 14 febrewaris 1942 (produksjerige)
Yn tsjinst 1942
Ut tsjinst net
Tal makke 80 DC-4 en 1.163 C-54/R5D (1942 - augustus 1947)
Brûkers
Farianten C-54 Skymaster, Canadair North Star, Aviation Traders ATL-98 Carvair

De Douglas DC-4 is it earste fjouwermotorige ferkearsfleantúch dat ûnwurpen en boud waard troch de Amerikaanske Douglas Aircraft Company. It tastel hat yn de Twadde Wrâldkriich in protte foar militêre doelen tsjinne en dêrnei oeral yn de wrâld as passazjiertastel by ferskate loftfeartmaatskippijen. As militêr tastel waard er oantsjut as C-54 Skymaster by de loftmacht, en as R5D by de marine. It earste tastel, in C-54, fleach foar it earst op 14 febrewaris 1942. Fan DC-4 waarden letter de modellen DC-6 en DC-7 ôflaat.

In DC-4 fan de Suid-Afrikaanse Lugdienst

Untwikkeling

bewurkje seksje
 
In Douglas C-54 Skymaster lânet op fleanfjild Tempelhof ûnder de Berlynske loftbrêge, 1946

De type-oantsjutting DC-4 waard troch de Douglas Aircraft Company brûkt ûnder de ontwikkeling fan de DC-4E as in grutte fjouwermotoarige opfolger fan de DC-3. Dy wie bedoeld om oan de fraach fan United Airlines nei in langeôfstânspasszjierstastel te foldwaan. De DC-4E (de E stie foar experimental) waard ûntwurpen foar 52 passazjiers, mei in foar dy tiid grutte romptrochsneed en trijefâldige fertikale sturt, te gerlykjen mei dy't letter troch Lockheed brûkt waard foar syn Constellation.

De earste flecht fan de DC-4E wie op 7 juny 1938. It tastel, dat troch United Airlines foar testflechten brûkt waard, wie syn tiid fier foarút en dêrom dreech yn ûnderhâld en on-ekonomysk yn it gebrûk. De by it projekt belutsen loftfeartmaatskippijen, neist United ek Eastern Air Lines, fregen Douglas dêrom in lytsere en ienfâldiger ferzje te ûntwikkeljen. Dat waard it tastel dat letter bekend wurde soe ûnder de namme DC-4. De Twadde Wrâldaorloch briek lykwols út foar't dit tastel yn gebrûk naam wurde koe, de hiele produksje waard doe brûkt ta foldwaan fan de Amerikaanske loftmacht.

De DC-4 hie in opfallende en wichtige wiziging wat syn foargonger voorganger, de DC-3, oanbelange: in noastsjel yn stee fan in sturttsjel. Dit makke it mooglik om de romp nei eftere folle breder te meitsjen as at it tastel in sturttsjel hân hie. Dy bredere romp makke it letter ek makliker om de DC-4 langer te meitsjen ta syn opfolgers, de DC-6 en DC-7. Boppedat waard de lâning dêrtroch feiliger.

Tusken 1942 en 1946 waarden der 1163 DC-4's makke, allegear mei fjouwer Pratt & Whitney sûgermotors. Yn de oarloch gie Douglas troch mei it ûnwikkejen fan it tastel, mei't se ferwachten dat der in protte passazjierstastellen frege wurde soene at de aorloch dien wie. Nei de oarloch waarden lykwols sa'n 500 C-54's en R5D's fan de hân dien. Dy waarden opkocht troch in protte loftfeartmaatskippijen wêrttroch de fraach nei de sivile DC-4 folle minder grut wie as ferwachte. Totaal waarden nei de oarloch mar 74 nije DC-4's produsearre, ear't de produksje op 9 augustus 1947 stopset waard. Douglas bea in drukkabine oan as opsje by de sivile DC-4, mar dêr waard net ien fan ferkocht.

Canadair boude 71 DC-4's mei de oantsjuttings DC-4M North Star, C-4 en C-5. Utsein in stikmannich C-5 hiene al dy types Rolls-Royce Merlin-motors. 51 derfan hiene in drukkabine. Dy tastellen waarden brûkt troch de Kanadeeske lofttmacht, Trans-Canada Airlines, Canadian Pacific Airlines en BOAC. Dy lêst neamde it tastel Argonaut.

 
Een Carvair in dienst bij Aer Lingus, in 1965

Fan 1959 ôf krigen 20 DC-4's in nij libben as ATL-98 Carvairs. Dy omboude DC-4's koene 22 passazjiers en 5 auto's ferfiere. De romp waard langer makke, de noas koe sydlings iepenklappe, de cockpit waard boppe op de romp pleatst en de sturtflakken waarden fergrutte om de nei foaren ferlingde romp te kompensearjen. Dy tastellen waarden oant fier yn de jierren santich brûkt foar feartsjinsten.

De DC-4 hat him bewiisd as in populêr en betroubere masine. Der binne hjoed de dei noch guon fan yn gebrûk, fral as sjarter- of frachtfleantúch. De Dutch Dakota Association besit ek in fleanree tastel, mar slagge net om it tastek rendabel te eksploitearjen en leaset it dêrom oan de Súd-Afrikaanske maatskippij SkyClass [1].

Technyske gegevens en prestaasjes

bewurkje seksje
 
Douglas DC-4
 
Cockpit
Gegevens Douglas DC-4-1009
Langte    28,60 m
Spanwiidte    35,81 m
Hichte    8,38 m
Fleugeloerflak    135,63 m²
Oandriuwin    4 stjermotors, Pratt & Whitney R-2000-2SD-13G Twin Wasp (fan 1.081 kW / 1.450 HK)
Heechste faasje    451 km/o op 4.265 m
Krúsfaasjet    365 km/o op 3.050 m
Normaal fleanberik    4.023 km mei 5.189 kg lading
Bemanning    2 piloaten, 1 boardwurktúchkundige, 2 stewards, op lange flechten 1 radio-telegrafist, 1 navigator
Tsjinstplafond    6.800 m
Gewicht leech 19.640 kg
Maks. startgewicht    33.112 kg
Rol    langeôfstânsfleantúch

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. PH-DDS bij de Dutch Dakota Association