Douro
De Douro (Portugeesk) of Duero (Spaansk) is in rivier yn it noarden fan Portugal en de Spaanske autonome regio Castilië en León. De namme Douro betsjut "Gouden rivier". De rivier ûntspringt op 2200 m hichte yn de Sierra de la Demanda, sa'n 50 km noardwestlik fan Soria en mûnet út yn de Atlantyske Oseaan, by Porto. De Douro hat in lingte fan 897 km en it streamgebiet fan de rivier is 98.160 km² en heart by de grutste streamgebieten fan it Iberysk Skiereilân. De rivier hat sawat oer de hiele lingte keardamen.
De bopperin fan it Portegeeske part fan de Douro is ferneamd fan syn Quinta's. Dat binne wyngerds dêr't de druven foar de Port waakse. Njonken de Port, is de Dourodelling ek ferneamd om de reade Dourowyn.