Douwesleat
De Douwesleat is in sleat yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Foar de weryndieling wie it de grinssleat tusken de gemeenten Snits en Wymbritseradiel. De sleat rint noardeastlik fan Toppenhuzen en ferbynt It Ges mei de Modderige Geau.
Neffens in âld ferhaal wennen yn dizze omkriten earder trije bjusterbaarlik grutte reuzen, de bruorren: Broer, Douwe en Jarich. Mei in heale pream as skeppen groeven se alle trije in feart. Sa soenen de Douwesleat, mar ek de Broersleat en de Jarichsleat ûntstien wêze.