In dryade, fan it Grykske Δρυάδες, dryádes (inkeltal: Δρυάς, dryás), is in mytysk wêzen út 'e Grykske mytology, dat letter oernommen waard troch de Romeinske mytology. Sokke wêzens waarden foarsteld as beamnimfen yn 'e foarm fan tsjeppe froulju. Yn it Gryksk betsjut drys 'iik', en wiene dryaden sadwaande spesifyk ferbûn mei ikebeammen, mar dat ferbân gie letter ferlern, benammen doe't it wurd yn oare talen oernommen waard. Sadwaande wurde de term 'dryade' tsjintwurdich ornaris brûkt om mei te ferwizen nei alle soarten beamnimfen. Yn 'e Grykske mytology waarden dryaden beskôge as tige bleue wêzens, útsein as se yn 'e neite fan 'e goadinne Artemis wiene. Se beskikten oer elemintêre krêften, mar wiene net ûnstjerlik; ynstee libben se like lang as de spesifike beam dêr't se mei ferbûn wiene: as dy deagie, stoar de dryade ek. Fierders stiene dryaden derom bekend dat se minsken straften as dy tûken fan harren beammen ôfbrieken of der op oare wize skea oan tabrochten.

The Dryad, fan Evelyn De Morgan.

Soarten dryaden

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.