Dunum is in plak en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, en is part fan it distrikt Wittmund. Dunum hie yn 2005 1114 ynwenners. Dunum wurket gear mei fiif oare lytse gemeenten yn de Samtgemeinde Esens.

Gemeente Dunum
Dunum in WTM.svg
Sifers
Ynwennertal 1.099 (2013)
Oerflak 26,83 km²
Befolkingsticht. 41 / km²
Stêdekloft n.f.t
Hichte 5 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Wittmund
Oar
Tiidsône CET/CEST (UTC+1/+2)
Koördinaten
It wapen fan Dunum

It plak Dunum hat in bakstiennen tsjerke út de 13e iuw. De earste fernijing fan it plak wie yn in oarkunde fan 1420. Yn de gemeente waard in grêf út de brûnstiid ûntdutsen, dat fan de Frou fan Brill, in fynst dy't as ien fan de meast wichtige út dat tiidrek yn East-Fryslân jildt.

Yn de gemeente leit ek de saneamde Redbadsberch, in grêfhichte dêr't neffens de oerlevering de Fryske kening Redbad begroeven leit.

Keppelings om utensBewurkje