Redbadsberch
De Redbadsberch is in grêfheuvel yn de gemeente Dunum yn East-Fryslân. Neffens de leginde leit de Fryske kening Redbad hjir begroeven. De heuvel hat in hichte fan 2,6 meter, wêrmei it de grutste grêfheuvel fan East-Fryslân is. De lingte en breedte fan de heuvel is 29 by 24 meter, wat betsjut dat de heuvel sa’n 700 kante meter grut is. De hichte is tûzenen jierren brûkt as hillich beafeartsplak.
Archeologyske fynsten
bewurkje seksjeTusken 1898 en 1904 is de Redbadsberch twa kear ôfgroeven foar archeologysk ûndersyk. Dit ûndersyk liede de fynsten yn fan it skelet fan in minske út de jongste iistiid, seis urnen, tsien brângrêven, in stiennen kistke en in part fan in hynstelyk. De fynsten komme wierskynlik út de Brûns- en Izertiid.
Hjoed de dei binne de fynsten yn it besit fan it ‘Gesellschaft für bildende Kunst und vaterländische Altertûmer’ (Selskip foar byldene keunst en âlderdommen fan it Heitelân) yn Emden.