Wittmund (distrikt)
Wittmund is in distrikt (Landkreis) yn East-Fryslân in de Dútske dielsteat Nedersaksen. It hat in oerflak fan 656,63 km² en in ynwennertal fan 58.396 (2023). Mei in oerflak fan 656,84 km² hat it distrikt in befolkingstichtens fan 89 ynw./km².
Lânkring Wittmund | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 58.396 (2023) | |
Oerflak | 656,84 km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Am Markt 9 26409 Wittmund (Eastfryslân) | |
Yndieling | 19 gemeenten | |
Kenteken | WTM | |
Webside | landkreis-wittmund.de |
Geografy
bewurkje seksjeWittmund leit yn it noarden fan Nedersaksen, oan 'e Waadsee. It distrikt grinzget oan de distrikten Leer yn it súdwesten, Auwerk yn it westen, en de Friesland yn it easten. Wittmund makket diel út fan de regio Eastfryslân en de histoarysker regio Harlingerlân. Dêrneist hearre der noch twa Eastfryske Waadeilannen by it distrikt: Langereach en Spikereach.
It lânskip fan Wittmund wurdt foaral karakterisearre troch flakke, agraryske gebieten, bosken en feangebieten. It distrikt leit ek foar in part fan it Nasjonale Park Niedersächsisches Wattenmeer, dat ûnderdiel is fan it grutte Waadsee-gebiet, dat op 'e list fan UNESCO Wrâlderfskip stiet. Op 'e eilannen binne sânstrannen en natuergebieten dy't populêr binne by toeristen.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeWittmund ûntstie as distrikt yn 1885, en waard yn 1977 mei Ammerlân en Fryslân gearfoege ta in nij, grutter distrikt Fryslân. Dy gong fan saken waard lykwols troch in rjochterlike útspraak tsjinkeard, mei as gefolch dat de trije oarspronklike distrikten yn 1980 weroprjochte waarden.
Yn 2005 is yn Nedersaksen in besjoerlike herfoarming trochfierd dêr't it ferskil tusken stêden en frije gemeenten by ferdwûn is, dy wurde no oantsjutten as Ienheidsgemeenten. Dêrneist wurkje de lytsere gemeenten gear as samtgemeinde. Wittmund hat 4 Ienheidsgemeenten en 2 Samtgemeinde, dy't mei-elkoar 15 gemeenten omfetsje.
Ienheidsgemeenten:
Samtgemeinde mei de dielnimmende gemeenten
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |