Diepholz (Landkreis)
De lânkring Diepholz is in distrikt dat sintraal yn it Dútske bûnslân Nedersaksen leit. De lânkring rint sa'n 70 kilometer súdlik fan Bremen oant de grins fan it bûnslân Noardryn-Westsfalen noardeastlik fan Osnabrück.
Landkreis Verden | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Diepholz |
tal gemeenten | 45 |
kenteken | DH, SY |
Kreisschlüssel | 03 2 51 |
sifers | |
ynwennertal | 217.089 (2019) |
oerflak | 1.988,14 km² |
befolkingstichtens | 109 / km² |
oar | |
stifting | 1977 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 52°43′ N 8°44′ E |
webside | side lânkring Diepholz |
Geografy
bewurkje seksjeDe lânkring Diepholz ferbynt Dútslân's lytste en Dútslâns meast befolke lân meiïnoar, nammentlik Bremen en Noardryn-Westfalen. Dêrmei is Diepholz in typyske saneamde Sektoralkreis, in kring dy't fan in grutte stêd oant djip yn it efterlân rint. De lânkring Diepholz grinzget mei de klok mei en begjinnend oan de stêd Bremen oan de lânkringen Verden, Nienburg/Weser (beide yn Nedersaksen), oan de kring Minden-Lübbecke (yn Noardryn-Westfalen), oan de lânkringen Osnabrück, Vechta en Aldenburch en de kringfrije stêd Delmenhorst (allegear yn Nedersaksen).
Njonken de fjouwer fûgelreservaten "Diepholzer Moorniederung", "Dümmer", "Kuppendorfer Böhrde" en "Oppenweher Moor" lizze der yn de lânkring noch 49 oare beskerme natoergebieten. It grutste dêrfan is it "Nördliche Wietingsmoor" mei 1.599 hektare, it lytste is de "Lachmöwenkolonie Stelle" fan 2 hektare.
Skiednis
bewurkje seksjeBy de weryndielings fan de jierren 1970 fusearren de lânkring Grafschaft Diepholz mei dielen fan de lânkring Grafschaft Hoya mei yngong fan 1 augustus 1977 ta de lânkring Diepholz.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeStêden | Samtgemeinden | ||
---|---|---|---|
|
|
|
|
1 sit fan de Samtgemeinde |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Diepholz fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |