Holzminden (Landkreis)

De Landkreis Holzminden is in lânkring yn it suden fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. It is nei de lânkring Lüchow-Dannenberg en Wittmund de lytste lankring fan Nedersaksen en neffens ynwennertal ien fan de lytsere lânkringen fan Dútslân. Haadstêd is Holzminden, dy't yn it sintrum fan de lânkring leit.

Landkreis Holzminden
Locator map HOL in Germany.svg
flagge wapen
Flagge des Landkreises Holzminden.svg DE Landkreis Holzminden COA.svg
sifers
soarte gebiet lânkring
ynwennertal 70.207 (2020)
oerflak 692,65 km²
befolkingstichtens 101 / km²
polityk
lân Flag of Germany.svg Dútslân
bûnslân Flag of Lower Saxony.svg Nedersaksen
haadplak Holzminden
tal gemeenten 32
kenteken HOL
Kreisschlüssel 03 2 55
oar
stifting 1833
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 51°53′ N 9°33′ E
webside side lânkring Holzminden

GeografyBewurkje

De lânkring leit yn it Weserberchlân en it Leineberchlân. De hichteferskillen yn de lânkring lizze tusken 85 en 525 meter boppe seenivo. It heechste punt fan it gebiet leit tusken Holzminden en Dassel, dêr't de Große Ahrensberg 525 meter boppe seenivo útstekt. In grut part fan de lânkring bestiet út bosk, sa'n 45%. Troch de lânkring rint fan it noarden nei it suden de Weser, dy't tagelyk de grinsrivier mei Noardryn-Westfalen foarmet.

De Weser, dy't tusken Bodenwerder en Holzminden djip yn it Westerberchlân sneit en om bergen hinne slingert, soarget der foar dat de toeristen it gebiet witte te finen. By Bodenwerder mûnet de Lenne fanút Holzberg yn de Weser.

GemeenteyndielingBewurkje

 
Gemeenteyndieling fan de lânkring Holzminden

Ienheidsgemeenten

  1. Delligsen, flekke
  2. Holzminden, kreisstadt

Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten

* sit fan it bestjoer fan de samtgemeinde

  1. Bevern, flekke *
  2. Golmbach
  3. Holenberg
  4. Negenborn
  1. Bodenwerder, stêd *
  2. Brevörde
  3. Halle
  4. Hehlen
  5. Heinsen
  6. Heyen
  7. Kirchbrak
  8. Ottenstein, flekke
  9. Pegestorf
  10. Polle, flekke
  11. Vahlbruch
  1. Boffzen *
  2. Derental
  3. Fürstenberg
  4. Lauenförde, flekke
  1. Arholzen
  2. Deensen
  3. Dielmissen
  4. Eimen
  5. Eschershausen, stêd
  6. Heinade
  7. Holzen
  8. Lenne
  9. Lüerdissen
  10. Stadtoldendorf, stêd *
  11. Wangelnstedt

Gemeentefrije gebieten (ûnbewenne)

  1. Boffzen (23,37 km²)
  2. Eimen (12,91 km²)
  3. Eschershausen (4,92 km²)
  4. Grünenplan (22,71 km²)
  5. Holzminden (15,01 km²)
  6. Merxhausen (22,50 km²)
  7. Wenzen (15,84 km²)
 
Nedersaksen
 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg