Regio Hannover
De Regio Hannover (Dútsk: Region Hannover) is in Kommunalverband besonderer Art yn it Dútske bûnslân Nedersaksen. It distrikt hat in unike status yn it distriktenstelsel fan Nedersaksen. Underdiel fan de Regio Hannover foarmet de stêd Hannover, de haadstêd fan it bûnslân, dy't deselde foarrjochten hat as in stêd dy't gjin diel útmakket fan in lânkring. De Regio Hannover is wat ynwennertal oanbelanget folle grutter dan de oare lânkringen yn Nedersaksen. It bestjoer is it Regionsparlament, dat foarsitten wurdt troch de Regionspräsident. Alle fiif jier wurdt der in nij regioparlemint en in nije Regionspräsident keazen. De funksje fan in Regionspräsident is te fergelykjen mei in boargemaster yn in stêd of gemeente.[1]
Regio Hannover | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Hannover |
tal gemeenten | 21 |
kenteken | H |
Kreisschlüssel | 03 2 41 |
sifers | |
ynwennertal | 1.155.330 (2020) |
oerflak | 2.290,86 km² |
befolkingstichtens | 504 / km² |
oar | |
stifting | 2001 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 52°25′ N 9°43′ E |
webside | side Regio Hannover |
De Regio Hannover ûnstie op 1 novimber 2001, doe't de Kreisfreie Stadt Hannover en de lânkring Hannover gearfoege waarden.
Geografy
bewurkje seksjeDe Regio Hannover grinzget yn it westen oan de lânkringen Schaumburg en Nienburg, yn it noarden oan de lânkringen Heidekreis en Celle, yn it easten oan de lânkringen Gifhorn en Peine en oan Hildesheim en Hameln-Pyrmont yn it suden.
Neffens ynwennertal is Hannove de grutste stêd en wat oerflak oanbelanget is Neustadt am Rübenberge dat.
De Regio Hannover makket die út fan de Metropoalregio Hannover-Braunschweig-Göttingen.
De regio leit yn it oergongsgebiet tusken de Lüneburger Heide en middenberchtme. Yn it westen leit de Steinhuder Mar, de grutste mar fan Nedersaksen, yn it súdwesten it Calenberger Lân en de berchkaam Deister.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeAlle stêden en gemeenten yn de Regio Hannover binne saneamde ienheidsgemeenten.
|
|
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|