Gifhorn (Landkreis)
De lânkring Gifhorn is in bestjoerlik distrikt yn it easten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen.
Landkreis Gifhorn | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Gifhorn |
tal gemeenten | 41 |
kenteken | GF |
Kreisschlüssel | 03 1 51 |
sifers | |
ynwennertal | 176.523 (2019) |
oerflak | 1.562,86 km² |
befolkingstichtens | 113 / km² |
oar | |
stifting | 1885 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 52°35′ N 10°36′ E |
webside | side lânkring Gifhorn |
Geografy
bewurkje seksjeOanbuorjende distrikten binne mei de klok mei (fanôf it noardeasten) de Altmarkkreis Salzwedel en Börde (beide yn Saksen-Anhalt), de lânkring Helmstedt, de kringfrije stêd Wolfsburg, nochris de lânkring Helmstedt, de kringfrije stêd Braunschweig, de lânkring Peine, de Regio Hannover en de lânkringen Celle en Uelzen (allegear yn Nedersaksen).
Rivieren yn de lânkring binne de Aller, Ise, Ohre en Oker. Wichtige kanalen binne it Mittellandkanal, it Elbe-Seitenkanal en it Allerkanal.
De hichte fan it lân ferskilt fan 46 meter boppe seenivo oan de Aller by Müden oant it heechste punt fan 124 meter boppe seenivo yn it noarden fan de lânkring by Sprakensehl.
Skiednis
bewurkje seksjeDe lânkring waard yn 1885 troch it Prusysk regear ynsteld. Yn 1932 waard de eardere kring Isenhagen it noardlike diel fan de lânkring Gifhorn. Oarspronklik makke Wolfsburg diel út fan de lânkring, mar sûnt 1951 waard Wolfsburg in kringfrije stêd. Troch de yndieling fan de stêd Fallersleben by Wolfsburg yn 1974 ferlear de lânkring Gifhorn op 'e nij in diel fan it gebiet.
Polityk
bewurkje seksjeDe politike ferhâldings yn de lânkring Gifhorn wiene eartiids hiel oars as yn de rest fan Dútslân. Fakentiden smieten partijen, dy't earne oars sûnder betsjutting wiene, yn Gifhorn krekt hiele hege eagen by ferkiezings. De klassike tsjinstellings tusken lofts en rjochts of tusken katoliken en protestanten telden yn de polityk fan Gifhorn minder, mar namste mear it ferset fan de Welfen (Deutsch-Hannoversche Partei) tsjin de anneksaasje troch Prusen. Ek de konservative Prusen hiene harren oanhingers, lykas yn de Deutschnationale Volkspartei. Yn 1920 wie de útslach fan de kring Gifhorn foar de rykdeiferkiezings: Welfen 48,7 %, SPD (Sozialdemokratische Partei Deutschlands) 27,9 %, DVP (Deutsche Volkspartei) 8,6 %, DNVP (Deutschnationale Volkspartei) 8,2 %. De katolike Zentrumpartei spile gjin rol yn de lânkring Gifhorn en bleau altiten ûnder de 1% hingjen.
By ferkiezings yn 1930 waard de NSDAP mei 34,2% fan de stimmen de grutste partij fan de lânkring. By de ferkiezings fan april 1932 wûn de NSDAP op 'e nij yn Gifhorn, mei 68,1% fan de stimmen wist de NSDAP yn de lânkring sels ien fan de bêste risseltaten yn it hiele Ryk te heljen (PD 14,2 %, Welfen 6,4 %, KPD (Kommunistische Partei Deutschlands) 5,0 %, DNVP 4,1 % en alle oare partijen bleaun ûnder 1 %). By de ryksdeiferkiezings fan maart 1930 keazen 73% fan de stimgerjochtigen op de NSDAP. Nearne oars yn it ryk wie it perzintaazje NSDAP-stimmen sa heech. Nei de Twadde Wrâldkriich bleaune tige rjochts-konservative partijen as DP (Deutsche Partei), de DRP (Deutsche Reichspartei) en de SRP (Sozialistische Reichspartei) yn de polityk fan de lânkring in fertsjintwurdiging hâlden. Pas yn de jierren 1960 ferskode de politike foarkar mear nei it midden en waard de lânkring in bolwurk fan de CDU Christlich Demokratische Union Deutschlands. Letter ûntwikkele de politike foarkar fan de befolking fan de lânkring him stadichoan nei in Dútske trochsnit.
Befolking
bewurkje seksjeFral nei de Twadde Wrâldkriich feroare de struktuer fan de befolking foars. Wylst yn it kringgebiet (op basis fan de grinzen nei 1951) yn 1821 mar 31.940 minsken wennen en troch oanwaaks yn 1939 oant 65.739 tanommen wie, lieten de statistiken fan 1950 nettsjinsteande de kriich in taname oant 119.281 sjen. Dêrûnder wiene ek 52.072 flechtlings, dy't benammen út it easten ferdreaun wiene.
Gemeenten
bewurkje seksje- Gifhorn, stêd, (selstannige gemeente)
- Sassenburg
- Wittingen, stêd
Samtgemeinden mei de dielnimmende gemeenten
Gemeentefrij gebiet (net bewenne)
- Giebel (10,36 km²)
* Sit fan it bestjoer fan de samtgemeinde.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Gifhorn fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |