Lier (distrikt)

(Trochferwiisd fan Landkreis Leer)

Lier is in distrikt (Landkreis) yn East-Fryslân, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, dat opjrochte is yn 1932. It distrikt hat in oerflak fan 1085,77 km² en in tal ynwenners fan 164.703 (30 septimber 2004).

Lânkring Lear
wapen
Statistyk
Ynwennertal 174.348 (2022)
Oerflak 1.085,71 km²
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Oar
Adres bestjoer Bergmannstraße 37
26789 Leer
(Eastfryslân)
Yndieling 19 gemeenten
Kenteken LER
Webside landkreis-leer.de

Landkreis Lear hat in oerflak fan sa likernôch 1.086 km² en wurdt begrinzge troch Emden, de Waadsee en Noardsee yn it noarden, de Nederlânske grins yn it westen en de Landkreis Auwerk, Landkreis Wittmund yn it easten. It lânskip wurdt karakterisearre troch grutte feangebieten, wetterwegen, polderlânskippen en de rivier de Eems, dy't in wichtige rol spilet yn de regio.

It distrikt omfettet de stêd Lier en fjouwer histoaryske lânskippen deromhinne: Reiderlân yn it westen, Moormerlân yn it noarden, Overledingerlân yn it súdeasten en Lengenerlân yn it noardeasten. Ek de Waadeilannen Boarkum en Lütje Hörn binne part fan it distrikt.

De skiednis fan Landkreis Leer giet werom nei de midsiuwen. It gebiet wie oarspronklik bewenne troch de Friezen en hat in rike skiednis fan hannel en seefeart. It haadplak Lear wie it sintrum foar de hannel yn turf en agraryske produkten. De moderne Landkreis Leer waard oprjochte yn 1932. Yn de Twadde Wrâldoarloch hat de regio net in soad lijen hân. De grutste skea kaam fan weromlûkende Dútske militêren dy't de brêge oer de Iems opbliezen tsjin de oprukkende Alliearden.

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje

De neikommende stêden en gemeenten lizze yn it distrikt:

Stêden Frije gemeenten Gearwurkingsgemeenten
  1. Boarkum
  2. Lier
  3. Weener
  1. Bunde
  2. Jemmingen
  3. Moormerland
  4. Ostrhauderfehn
  5. Rhauderfehn
  6. Uplengen
  7. Westoverledingen
  1. Brinkum
  2. Firrel
  3. Hesel
  4. Holtland
  5. Neukamperfehn
  6. Schwerinsdorf
  1. Detern
  2. Filsum
  3. Nortmoor

Ekonomy en ynfrastruktuer

bewurkje seksje
 
Ferkear yn Eastfryslân

De ekonomy fan Landkreis Lear wurdt foar in grut part droegen troch de lânbou, yndustry, skipfeart en toerisme. De regio is bekend om syn agraryske produkten, lykas molke, tsiis en griente. De haven fan Leer is in wichtich ekonomysk sintrum, mei skipfeart en logistyk as wichtige sektoaren. De grutste bedriuwen binne it teebedriuw Bünting (12.300 meiwurkers), rederij Hartmann AG (5000 meiwurkers), boustoffen Egbert Wilts GmbH (300 meiwurkers) en Logaer Maschinenbau GmbH (300 meiwurkers).

Toerisme spilet in belangrike rol, benammen op Boarkum en yn de histoaryske binnenstêd fan Lear. De regio is goed ferbûn troch in netwurk fan sneldiken (A31 en A28) en wetterwegen (Iems en Leda). Oare gearwurkjende havens yn de regio binne Emden, Delfsyl en Iemshaven. Der binne spoarlinen yn alle fjouwer wynrjochtingen, dus nei Emden, Aldenboarch, Münster en Grins. Noardlik fan de stêd Lear leit in lyts fleanfjild dat benammen troch hobbyfleanders brûkt wurdt.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Nedersaksen  
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

  ·   ·