Duo Decimo (ynternaat)

Duo Decimo wie de namme fan de filla wêryn de hear J. Bakker yn 1928 oan de Vaartweg 89 in Hilfertsom in partikuliere skoalle mei ynternaat stifte. Yn 1937 wurdt it in stifting foar yndividueel ûnderwiis. Der sieten sda'n 60 bern út Hilfertsom op skoalle, allinnich jonges wienen yntern. De stifting hierde it pân fan de hear Bakker. Bakker hat "syn" skoalle oerdien oan de Dhr. Dick Slooves en syn frou Dollie.

It wie in skoalle foar swaksinnige bern en bern dy ûnder it “Beslút bútengewoan leger ûnderwiis 1949” foelen, bern mei lear- en opfiedingsswierrichheden. Mei de measte "ynterne" jonges wie wol "wat" mei. Of thús swierrichheden, learefterstân en ek wolris ien mei it syndroom fan Down, mar noait mear as twa. Fierders fan alle rangen en stannen. Partikulier betelle jonges troch heiten mei jild, en ek jonges dy't troch jeugdsoarch pleatst wienen, in tige mingd publyk. It ynterne magazine fan it ynternaat hjitte "Duo Spiegel".

Tusken 1 desimber 1937 oant 30 april 1950 wie de ôfdieling foar swaksinnigen subsidiearre, ± 1978 gie it ynternaat ticht. It gebou oan de Vaartweg stiet der noch, dêr hat nei Duo noch in skoft it haadkantoar fan Veronica yn sitten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: