Duorsumens

(Trochferwiisd fan Duorsumheid)

Duorsumens of duorsumheid is it fermogen om oanhâldend te bestean. Yn 'e ienentweintichste iuw wurdt mei dizze term oer it algemien ferwiisd nei it fermogen fan 'e minske en syn ekonomyske aktiviteiten om yn harmony gear te libjen mei de natoer. It is it proses wêrby't de minskheid syn maatskiplike foarútgong hanthavenet yn in lykwicht mei it miljeu, en wêrby't de eksploitaasje fan natuerlike helpboarnen, de rjochting fan ekonomyske ynvestearrings, de oriïntaasje fan 'e technologyske ûntwikkeling en de feroarings dy't dêrút fuortkomme allegearre sawol it hjoeddeistige as it takomstige potinsjeel fan it miljeu fergrutsje om oan 'e minsklike behoeften en aspiraasjes te foldwaan. Duorsumens wurdt gauris omskreaun troch de wikselwurking fan 'e trije pylders miljeu, ekonomy en maatskippij. Wêr't miljeu en maatskippij oerlaapje, hearsket draachberens; wêr't maatskippij en ekonomy oerlaapje, hearsket reedlikheid; wêr't ekonomy en miljeu oerlaapje, hearsket libbensfetberheid. Mar wêr't alle trije oerlaapje, hearsket duorsumens. Duorsumens kin opdield wurde yn kulturele, technologyske en politike aspekten.

Duorsumens stelt de Ierde by steat om troch te gean mei it ûnderstypjen fan libben.
In diagram dat op skematyske wize de wiksel-wurking sjen lit tusken miljeu (environment), ekonomy (economic) en maatskippij (social), mei as oerlapingsfoarmen: draachberens (bearable), reedlikheid (equity), libbensfetberheid (viable), en yn 'e midden, duorsumens (sustainable).

De term 'duorsumens' yn 'e moderne sin fan it wurd waard yntrodusearre, yn 'e Dútske foarm Nachhaltigkeit, troch Hans Carl von Carlowitz (1645-1714), dy't de term brûkte yn 'e boskbou. Neitiid kaam it yn gebrûk as oantsjutting foar it brûken fan allinnich dy natuerlike helpboarnen dy't (meitiid) fernijd wurde kinne, sadat lettere generaasjes deselde libbenswize oanhâlde kinne. Tsjintwurdich is duorsumens as begryp sterk ferbûn rekke mei ekology en stúdzje op it mêd fan lykwicht tusken soarten (d.w.s. tusken de minske en oare soarten libbene wêzens). Sûne ekosystemen binne dêrfoar nedich. Manearen om 'e negative ynfloed te ferminderjen dy't minsklike aktiviteiten op sokke ekosystemen hawwe, binne mileufreonlike gemy, miljeufreonlike eksploitaasje fan natuerlike helpboarnen en miljeubeskerming yn it algemien. De kleur grien wurdt rûnom mei sokke strategyen en mei duorsumens yn it algemien assosjearre, en it hiele proses fan it miljeufreonliker meitsjen fan 'e minsklike maatskippij wurdt dan ek wol fergriening neamd.

Dy fergriening, oftewol it opskowen yn 'e rjochting fan duorsumens, is in maatskiplike útdaging dy't feroarings omfiemet op it mêd fan nasjonaal en ynternasjonaal rjocht, stedsplanning, huzebou, ferfier en de produksje fan konsumpsjeguod yn 'e yndustry en de agraryske sektor. Ek op it mikronivo easket it oanpassings yn 'e libbensstyl fan persoanen, û.m. op it mêd fan etyske konsumpsje. Sa moat der in oerstap makke wurde nei it gebrûk fan griene enerzjy en oare griene technologyen.

Duorsume ûntwikkeling is in foarm fan maatskiplike en ekonomyske foarútgong dy't foldocht oan 'e behoeften fan 'e lju dy't hjoed oan 'e dei libje, mar dochs neat ôfdocht oan it fermogen fan takomstige generaasjes om oan harren behoeften te foldwaan. Wylst dat troch in soad minsken sjoen wurdt as it organisaasjeprinsipe fan duorsumens, binne oaren fan tinken dat de beide termen ynherint tsjinsteld oaninoar binne, mei't ûntwikkeling (feroaring) nea duorsum (itselde bliuwend) wêze kin. Nettsjinsteande alle feroarings dy't sûnt de 1990-er jierren op it mêd fan duorsumens plakfûn hawwe, en hoewol't de term duorsumens almar mear brûkt wurdt, is it noch altyd mar de fraach oft de minskheid wol by steat wêze sil om in sitewaasje fan wiere duorsumens te berikken, mei it each op 'e klimaatferoaring, miljeudegradaasje, oerkonsumpsje, befolkingsgroei en it neistribjen troch hast alle minsklike maatskippijen fan ûnbeheinde ekonomyske groei yn in sletten systeem.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.