Dirk Lenige
Dirk Lenige (Makkum 20 augustus 1722 - dêre, 26 maaie 1798) wie in Makkumer dichter.
Dirk Lenige | ||
skriuwer | ||
Selsportret | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 augustus 1722 | |
berteplak | Makkum | |
stoarn | 26 maaie 1798 | |
stjerplak | Makkum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk, Frysk | |
perioade | 18e iuw | |
jierren aktyf | 1771-1792 | |
offisjele webside | ||
Profyl Lenige |
Hy wie in minnistysk keapman en seilmakker dy't yn de twadde helte fan syn libben gedichten yn it Nederlânsk en Frysk skreau. In soad gelegenheidsrimen, natoergedichten en hardersfersen. Hy wie de earste dy't de sonnetfoarm brûkte yn Fryslân, en dan yn 'e Makkumer tongslach fan it Klaaifrysk.
Syn wurk is ûngelyk fan wearde, mar toant wol de keunstopfettings fan syn tiid. Boppedat is der ynfloed fan de Hollânske literatuer yn syn dichtgenoatskip "Kunst kweekt het menschelijk geluk". Ek syn dochter Cynthia (1755-1780) waard hjir letter lid fan. Syn bibliografy is de grutste boarne fan it Makkumersk; der is gjin oare doarpsfariant fan it Klaaifrysk wêryn't safolle wurk fan sa lang lyn bewarre bleaun is. Yn 1958 waarden syn Fryske gedichten útjûn.
Bibliografy
bewurkje seksje- Kunst en Nodige Wetenschap van dieverse Zeilagie door Dirk Lenige. Beneffens Enige Geopserweerde En Overgenomene Geheimen
- Lijkzangen ter gedachtenisse van Mejuffer Cynthia Lenige, in het vijfentwintigste jaar haars ouderdoms te Makkum overleeden den derden der Wijnmaand 1780, Amsterdam, 1782
- Forgit my net, yn: Yn ús eigen Tael, Snits 1915 (útjûn fan Geert Aeilco Wumkes)
- De Fryske fersen fan Durk Lenige en oare Makkumers, A.J. Osinga, Boalsert 1959 (ingeleid door J.H. Brouwer)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|