Durk Stoker
Durk Stoker (De Jouwer, 20 novimber 1957 - 20 july 2023[1]) wie in Frysk politikus en ûnderwizer út Koudum.[2] Durk Stoker is hikke en tein op De Jouwer. Nei de hafû-oplieding oan it Nassau Kollege op It Hearrenfean gie er yn Snits nei PABO De Him.
Durk Stoker | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Durk Stoker | |
berne | De Jouwer | |
berteplak | 20 novimber 1957 | |
stoarn | 20 july 2023 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ûnderwizer, politikus | |
offisjele webside | ||
https://durkstoker.frl/nl/oer-mij/ |
Underwiis
bewurkje seksjeNei syn stúdzjetiid ferfear er nei Zwijndrecht, dêr't er ûnderwizer en letter op deselde skoalle direkteur waard.[3] Yn 1986 kaam er werom nei Fryslân en fêstige him yn de eardere grifformearde tsjerke fan Koudum as skoaldirekteur. Yn de jierren dêrnei waard er boppeskoalsk direkteur en letter algemien direkteur fan alle kristlike basisskoallen yn Nijefurd.[4]
Yn 1999 folgde in karriêreswitch en wurke Stoker as selsstannich adviseur en interim-manager foar in grut tal organisaasjes en bedriuwen.
Polityk
bewurkje seksjeYn 2010 waard er fraksjefoarsitter fan de FNP yn Súdwest-Fryslân. Fan 2013 oant 2014 wie hy direkteur fan de Bisschop Möller Stichting, de oerkoepeljende organisaasje fan roomske skoallen yn Fryslân. Fan maaie 2014 oant de ferkiezingen yn 2017 wie er wethâlder en riedslid yn Súdwest-Fryslân. Dêr wie hy ûnder oare ferantwurdlik foar de Leefberheid (doarpshuzen), Ferkear en Ferfier, Tsjinstferliening en Bedriuwsfiering.
Yn novimber 2018 folge er Johannes van der Pal op as wethâlder fan De Fryske Marren. Hy waard nei wethâlder Veltman de 2e lokoboargemaster. Hy krige dêr de portefúljes Natoer en Lânskip, Wetter, Romtlike Untwikkeling en koördinerend portefúljehâlder Doarp-, stêd- en wykbelied. Dêrneist waaard hy ferantwurdlik foar projekten Wetterfront Balk en Rûnwei De Lemmer. Yn febrewaris 2019 seine VVD en CDA it betrouwen yn de FNP op doe't de FNP tsjin it sânwinningsplan yn de Iselmar stimde. Stoker stapte doe mei FNP-wethâlder Durks op.[5]
Sûnt novimber 2017 wie Durk Stoker foarsitter fan de lanlike partij OSF, de 'Onafhankelijke Senaats Fractie' dêr 't de FNP diel fan út makket.
Durk Stoker ferstoar op 20 july 2023, yn 'e âldens fan 65 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|