Dwerchgroukopke
It dwerchgroukopke (Thymelicus acteon) is in soarte yn it skaai fan de lytse gersgroukopkes (Thymelicus).
dwerchgroukopke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Thymelicus acteon | ||||||||||||
Rottemburg, 1775 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeDe flinter hâldt fan drûge skrale greiden, foaral fan kalkgreiden. De flinter is nei 1981 net wer in Nederlân sjoen.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân. Ynternasjonaal is de status "gefoelich".
Flinter
bewurkje seksjeIt dwerchgroukopke is yndie mar in lytse flinter; de wjuklingte is 10 oant 13 mm. Hy is ljochtbrún sûnder tekening op de boppekant fan de wjukken. De mantsjes hawwe in swarte geurstreek op de foarwjukken.
Fleantiid
bewurkje seksjeDe flinter fljocht fan heal july oant begjin septimber. It dwerchgroukopke fljocht altyd yn ien generaasje.
Rûp
bewurkje seksjeDe rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is grien. Ek de kop is grien mar mei twa gielwite fegen. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in lyts kokontsje yn in gersstâle.
De rûp fret gerzen, foaral finnige koartstâle.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thymelicus acteon fan Wikimedia Commons. |