Dykshoarne (Skylge)
Dykshoarne (ek wol Dyckshorne) is in doarp dat yn 140 troch Askonius, de earste hartoch fan Fryslân stiften wêze soe. It doarp is letter yn de Noardsee ferdwûn en lei earne tuske Almenum en Skylge.
Der moat ek in stins stien hawwe dat yn 1130 eigendom wie fan in Douwe fan Harns. Doe't die letter spul krige mei syn broer Sikke fan Gratinga is hy deamakke en is de stins fernield en platsmiten.