Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
De Evangelyske Tsjerke yn Dútslân (Dútsk: Evangelische Kirche in Deutschland, ôfkoarte ta EDK) is in federaasje fan tweintich lutherske, grifformearde en feriene protestantske tsjerken en denominaasjes yn Dútslân dy't oprjochte waard yn 1948. Yn 2019 hie de EDK in ledetal fan 20.713.000, likernôch 24,9% fan de Dútske befolking. It is ien fan de grutste protestantske organisaasjes yn de wrâld. It haadkantoar stiet yn Hannover-Herrenhausen. De measte leden binne luthersken.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de tiid fan de Weimarrepublyk waard der foar it earst besocht en ferienje de Dútske protestanten yn de foarm fan de Dútske Evangelyske Tsjerkebûn, dy't fan 1922 oant 1933 bestie. Earder hawwe ferskate Dútske steaten besocht de protestantske tsjerken yn harren respektivelike steaten te ferienjen. Prusen en it Hartochdom Nassau wiene de earsten yn 1817. Dy tsjerkebûnen wiene de earsten fan sokken yn it protestantisme en soks sprate letter nei oare parten fan de wrâld.
Doe't Adolf Hitler yn 1933 oan de macht kaam, besocht syn bewâld de âlde tsjerkebûn te herfoarmjen ta in feriene Dútske Evangelyske Tsjerke om't Hitler ien feriene protestantske tsjerke foarmje woe om syn politike ambysjes fuort te sterkjen. Dat slagge alhiel net, om't de Belidende Tsjerke (Bekennende Kirche) en de Rykstjerke fûl foar inoar oer kamen te stean. Oare protestantske tsjerken bleaune der lykwols bûten.
Nei de Twadde Wrâldkriich ferklearre de rie fan de tsjerken de Skuldbekentenis fan Stuttgart op 19 oktober 1945, dêr't hja harren skuld, omreden harren ûnferskilligens oangeande de grouweligens fan it rezjym fan Hitler, tajoegen yn it ramt fan it bekennen fan de algemiene Dútske skuld. Yn 1948 waard de Evangelyske Tsjerke yn Dútslân oprjochte as in oerkoepeljende organisaasje foar de Dútske protestantske tsjerken. Nei it ûntstean fan de spanning tusken East- en West-Dútslân, spjalten de pleatslike tsjerken yn East-Dútslân yn 1969 harren fan de EKD ôf. Yn 1991 nei de Dútske Weriening, sleaten de Eastdútske tsjerken harren fannijs by de EKD oan.
De tsjerken dy't lid binne (Gliedkirchen), wylst se fierders selsstannich binne en harren eigen leauwensbelidenissen hawwe, binne feriene yn de EKD-synoade en de leden kinne bygelyks mei inoars nachtmielen meidwaan. De tsjerken binne lykwols as yndividuele leden fertsjintwurdige by de Wrâldried fan Tsjerken en de Mienskip fan Protestantske Tsjerken yn Jeropa (CPCE). De grinzen fan EKD-tsjerken yn Dútslân komme sawat oerien mei de eardere steaten fan it Hillige Roomske Ryk en de lettere Dútske steaten mei de grinzen fan 1815 nei oanlieding fan de nauwe relaasjes tusken de yndividuele Dútske steaten en de tsjerken.
Wat it tsjerkebestjoer oangiet, hawwe de lutherske tsjerken in belied fan episkopalisme, wylst de grifformearde en de feriene tsjerken in mingsel fan presbyterianisme en kongregasjonalisme binne. Measte tsjerken wurde laat troch in (steats)biskop, mei útsûndering fan ien lid, de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke, dy't net beheind is ta in bepaald ôfbeakene gebiet. Yn guon gefallen lykje guon tsjerken op bestjoerlik mêd op de Roomsk-Katolike en Anglikaanske tsjerken.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|