Eadweard Muybridge
Eadweard Muybridge, berne as Edward James Muggeridge (Kingston upon Thames, 9 april 1830 – dêre, 8 maaie 1904) wie in Britsk fotograaf en filmpionier dy't ek yn Amearika wurke. Hy naam de namme Eadweard Muybridge oan, meidat er tocht dat it de oarspronlike Angelsaksyske foarm fan syn namme wie.[1] Hy wie ynearsten boekhanneler.
Yn Amearika
bewurkje seksjeMuybridge krige fan âld-gûverneur fan Kalifornje Leland Stanford, de opdracht om mei help fan fotografy te efterheljen oft in fjouwerjend hynder alhiel fan de grûn loskomt. Mei in komplekse proefopstelling mei tolve fototastellen en in hynder mei de namme Sallie Gardner stelde er fêst dat dat yndie it gefal wie.
Muybridge wurke ek oan in projekt mei de titel "Animal Locomotion" wêryn't er de bewegingen fan in rige bisten mei foto's analysearje koe. Yn it projekt "The Human Figure in Motion" die er itselde mei minsken middels deselde technyk.
Muybridge wie de earste dy't foto's makke mei in beljochtingstiid fan mar in fraksje fan in sekonde. Oant doe ta wie de beljochtingstiid net koarter as in pear sekonden. Sa koe er ûnbeweechbere foto's fan it hynder meitsje. Hy wie ek de earste dy't in meganyske fluchwurkjende sluter brûkte.
Under syn ûndersyk foar de gûverneur fan Kalifornje fermoarde Muybridge de frijer fan syn frou Flora. Hy bekende, mar waard dochs troch in sjuery frijsprutsen op grûn fan justifiable homicide. Hy koe dêrnei syn wurk rillegau fuortsette.
Animaasjes
bewurkje seksjeMuybridge sette op in beskate ôfstân 16 kameras op, om de rin fan in Amerikaanske bizon fotografearje te kinnen. | |
It Ryksmuseum Amsterdam hat wurk fan him yn de kolleksje[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eadweard Muybridge fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|