Earder rêdingsboathûs
It earder rêdingsboathûs oan de Duinkersoord op Flylân stiet benoarden East-Flylân en waard yn 1894 boud foar de Noord- en Zuid-Hollandsche Redding-Maatschappij. Yn 1999 waard de loads yn it Monuminteregister ynskreaun. It bouwurk is sûnt 2001 yn eigendom fan Vereniging Hendrick de Keyser.
Earder rêdingsboathûs | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Flylân | |
plak | East-Flylân | |
adres | Duinkersoord 33 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Rêdingsboathûs | |
boujier | 1894, iepene 1910 | |
arsjitekt | A. Kooreman | |
boustyl | Sjaletstyl/neorenêssânse | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 512830 |
Skiednis
bewurkje seksjeFoardat it rêdingboathûs yn 1894 boud waard, waard der sûnt 1825 in loads yn it doarp East-Flylân brûkt foar it stâljen fan de boat en de hynders. Omdat it ferpleatsen fan de boat nei it Noardseestrân te lang duorre, waard it nije boathûs noardlik fan it doarp boud, krekt achter de lêste dúnrige. It waard boud fan bakstiennen en dêrom is it it iennige, geef bewarre, stiennen boatehûs dat bekend is oan de Fryske kust.
In oantal ûnderdielen binne nei alle gedachten net orizjineel en oare ûnderdielen, sa as in flaggemêst en de rails foar de slide, binne ferdwûn.
Nei restauraasje troch Hendrick de Keyser waard der in keunstnerswenning en -atelier yn fêstige.
Beskriuwing
bewurkje seksjeOm de boat maklik yn - en út lade te kinnen krigen de foar- en eftergevel fan it rjochthoekige gebou dûbele doarren. De ûntlêstingsbôge boppe de doarren binne útfierd yn giele en brune bakstiennen. Neist de doarren binne der sparfjilden mei trapen ôfrûne hoeken en ôfrune ûnderrânen. Dêrtroch binne se foarmjûn as bline nissen. Yn de foargevel is boppe de ûntlêstingsbôge in keunststiennen balke oanbrocht mei dêrop it gevelopskrift 'N. Z. HOLL. REDD. MAATSKAPPY'. Boppe it opskrift is in achthoekich roasfinster set, lyk oan it finster yn 'e eftergevel. Beide roasfinsters binne omjûn troch in râne mei dêryn giele bakstiennen. Yn de earste stien stiet oanjûn dat K. Reedeker de earste stien lein hat. Reedeker wie boargemaster en foarsitter fan de pleatslike kommisje fan de N.Z.H.R.M. De muorren fan it boathûs binne fierder opboud yn bakstien. De sydgevels binne ferparte yn fjouwer sparfjilden mei dêrtusken trije muorredammen. De rjochter sydgevel hat noch in tredde, inkelde doar. It bouwurk hat in fier oerstekkend sealtek dat dutsen is mei weagjende Fryske pannen. Rûnom hat de daklist in seachtoskmotyf.
It ynterieur bestiet út ien grutte romte. Wol is der in lyts part ôfskieden, mei houten sketten, sadat der in klaairomte en in húske pleatst wurde koene. Boppe in part fan de romte is in souderke foar de opslach fan materialen. It ynterieur is net beskerme, omdat der gjin monumint-weardige ûnderdielen yn binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|