It earehôf De Gerdyk leit op it algemiene begraafplak fan De Gerdyk oan de súdkant fan dat plak. Op it begraafplak lizze seis grêven dy’t ûnderhâlden wurde troch de Commonwealth War Graves Commission. Op de grêven steane ûndersteande nammen:
Op 8 septimber 1941 wie in Wellingtonbommesmiter, de Z8871 fan it 9e Squadron, op missy nei Berlyn doe’t er oanfallen waard troch in Dútske nachtjager. It tastel stoarte koart dêrop del op de Brêgeleane yn Terwispel. Alle bemanningsleden kamen by de crash om it libben. Se lizze begroeven op dit earehôf. Dy nacht stoarte noch in bommesmiter fan itselde type by Drachtster Kompenije del.