Ear (lichemsdiel)

(Trochferwiisd fan Earen)

It ear (Latyn: auris) is in orgaan dêr't lûdsweagen mei opfongen wurde om, nei't se dêroan trochjûn binne, troch de harsens ûnderfûn te wurden as lûd. Hoewol't de term "ear" eins stiet foar it hiele gehoarssintúch, wurdt der yn it deistich spraakgebrûk yn 'e regel inkeld mei ferwiisd nei de earskelp, it (by minsken amperoan funksjonele) útwindige diel fan it ear. It minsklike ear bestiet út trije dielen: it bûtenear, it middenear en it binnenear. It bûtenear is foar it opfangen fan lûd, it binnenear jout it opfongen lûd troch, en it binnenear set it om yn ympulzen dy't yn 'e harsens waarnommen wurde kinne.

In minsklike earskelp.

Algemiene opbou fan it ear

bewurkje seksje
 
De anatomy fan it minsklike ear.
(1. rotsbonke; bûtenear: 2. gehoargong, 3. earskelp; middenear: 4. trommeflues, 5. ovaal finster, 6. hammer, 7. ambyld, 8. stiichbûgel, 12. buis fan Eustachius; binnenear: 9. lykwichtsorgaan, 10. slakkehûs, 11. gehoarsenuw .

It (minsklik) ear kin ûnderferdield wurde yn ferskate parten:

  • it útwindige ear
  • it ynwindige ear

Fanút de bûtenlucht komt it lûd it bûtenear yn by de earskelp lâns en troch de gehoargong hinne, om dan op it trommeflues telâne te kommen dat dêrtroch begjin te triljen. It trommeflues foarmet de oergong fan it gehoarkanaal nei it middenear. De gehoargong wurdt omjûn troch de rotsbonke, in ûnderdiel fan 'e plasse.

De earskelp bestiet út 'e folgjende ûnderdielen: in bûtenrâne (helix), in binnenrâne (anthelix), it earlel (lobulus), de yngong fan de gehoargong (meatus) en it stikje kreakbien dat dêroerhinne nei efteren ta útstekt (tragus).

It middenear bestiet út 'e trommeholte dy't normaalwei fol sit mei lucht, en dy't fia de buis fan Eustachius yn ferbining stiet mei de kielholte. Dy ferbining soarget derfoar dat de luchtdruk yn it middenear gelyk bliuwt mei dy fan 'e bûtenlucht. (As de druk fan 'e bûtenlucht op 'e iene of oare manear ynienen dochs folle grutter wurdt, bgl. as men de mûle tichthâldt by it ôfsjitten fan in kanon, dan kin it trommeflues knappe.)

Yn 'e trommeholte befynt him de keatling fan trije gehoarbonkjes: de hammer, it ambyld en de stiichbûgel. De wichtichste funksje fan it middenear is de fuortsterking fan lûden, sadat dy better waarnommen wurde kinne troch de yn it binnenear leine hiersellen. Sa'n fuortsterking wurdt op ferskate manearen bewurkmastere. Yn it foarste plak wurde alle lûdstrillings fergrutte trochdat it trommeflues in folle grutter oerflak hat as de iepening fan it slakkehûs (it ovaal finster). En fierders spilet by dit proses de hefboomwurking fan 'e trije gehoarbonkjes in wichtige rol. Yn it middenear befine har twa spierkes, de musculus tympanicus en de musculus stapedius, dy't de gehoarbonkjes yn ferhâlding ta-inoar justjes ferskowe kinne, sadat hurde lûden ôfswakke en swakke lûden krekt fuortsterke trochjûn wurde kinne.

It binnenear bestiet út it lykwichtsorgaan en it slakkehûs (tegearre ek wol it labyrint neamd). It slakkehûs wurdt sa neamd fanwegen syn spiraalfoarm. It binnenear is likernôch 4 sm lang, en it slakkehûs is om ende by 1 sm yn trochsneed. By minsken is it twa en in heal kear oprôle en befettet it twa floeistoffen (endolymfe en pearilymfe) yn kompartiminten dy't faninoar skaat binne. Dy floeistoffen wurde troch lûdstrillings yn beweging brocht fia de "fuotplaat" fan 'e stiichbûgel, dy't it lid foarmet fan it ovaal finster. De trillings rinne troch it slakkehûs hinne en wer werom, en komme wer út it ovaal finster. Yn it slakkehûs sit in basilêr membraan mei dêrop sa'n 20.000 hiersellen. Dy hiersellen wurde, oars as in protte sellen yn it lichem, net regenerearre, en kinne sadwaande net te ferhelpen skea oprinne troch hege lûdsdoases. Soks kin resultearje yn in ferskaat oan gehoarstoarnissen, lykas tinnitus, wêrby't men oanhâldend of út en troch in piiptoan heart dy't der net is.

It basilêr membraan is oan 'e útein breder as oan 'e basis by it ovaal finster, en hat dêrtroch in stiifheid dy't fariëarret mei de lingte. Fan gefolgen reägearje de hiersellen op ferskillende posysjes op it membraan op ferskillende lûdsfrekwinsjes: de heechste toanen wurde deunby it ovaal finster registrearre (basis cochleae) en legere toanen fierderop (apex cochleae). Dit prinsipe wurdt fan toanotopy neamd. De hiersellen steane yn ferbining mei de gehoarsenuw, dy't it synjaal transportearret nei it gehoarsintrum (of auditive korteks) yn 'e harsens. Dêr liede sokke synjalen dan wer ta de eigentlike lûdspersepsje, oftewol it harkjen.

Yn 'e rotsbonke befynt him tichteby it slakkehûs it lykwichtsorgaan. Dy beide wurde ek wol beflapt ûnder de mienskiplike namme fan it labyrint, ek al binne it funksjoneel ferskillende systemen. Oan 'e oare kant binne se wol sterk mei-inoar ferbûn, meitsje se gebrûk fan deselde floeistoffen en jouwe se har synjalen fia deselde senuw troch oan 'e harsens. Der bestiet in teory dat dizze beide organen evolúsjonêr sjoen fuortkommen binne út ien orgaan dat bewegings registrearre. Mar hoe dan ek, it lykwichtsorgaan makket gjin diel út fan it gehoar, mar soarget dat men rjochtop stean bliuwe kin. Dûzelichheid wurdt feroarsake troch it net goed wurkjen fan it lykwichtsorgaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.