Earik de Reade (Yslânsk: Eiríkr Rauði, Noarsk: Eirik Raude) (Jæren [yn Sola?] Noarwegen, ±950 - Grienlân, 1003) wie de stichter fan de earste Skaninavyske delsetting op it eilân dat hjoeddedei Grienlân hjit. Grienlân waard doe al bewenne troch Inuit (eskimo's). Neffens de Yslânske tradysje waard Earik berne yn Noarwegen as soan fan Thorvald Asvaldsson (Þórvaldur Ásvaldsson) en waard dêrom ek wol Earik Thorvaldsson (Eiríkur Þórvaldsson) neamd. Hy wurdt Earik de Reade neamd fanwege syn reade hier.

Gravuere fan Earik de Reade, fan Arngrímur Jónsson, 1668
It Grienlân fan Earik de Reade

Biografy bewurkje seksje

Om 960 hinne waard Earik syn heit twongen om Noarwegen te ferlitten fanwege in tal moarden. De famylje sette him nei wenjen yn it noardwesten fan Yslân. Earik boaske mei de rike Thjodhild en ferhuze nei de Haukadelling by de Breiðafjörður (fjord), oant er yn 982 foar trije jier ferballe waard fanwege it deadwaan fan in buorman dy't earder in tal fan Earik syn slaven ombrocht hie. Hy besleat om te sykjen nei in lân bewesten Yslân, dat earder alris sjoen wie troch in Gunnbjörn Úlfsson, dy't it "Gunnbjarnarsker" ("Gunnbjörns riffen") neamd hie.

Neffens de Eiríks saga rauða '(Sêge fan Earik de Reade)' ferkende er yn de trije jier fan syn ferballing de Grienlânske kust en dêrnei gie er werom nei Yslân en ferhelle oer dat nije lân. Yn 985 gie er mei in mannichte kolonisten (op 25 skippen (dêr't fjirtjin fan oankamen; de oare alve giene guonts werom en it oare part fergie op see), nei Grienlân en stichte dêr twa koloanjes oan de westkust; de Eastlike Delsetting (by de súdkaap) neamde er Eystribygð en de Westlike Delsetting (by it Nuuk fan no) Vestribygð. Yn Eystribygð boude er de bûtenpleats Brattahlíð foar himsels, tichteby wat no Narsarsuaq is. Syn titel wie "heechste haadman" fan Grienlân. Hy waard tige begoedige en bot respektearre.

De koloanje bloeide en waakste ta goed 5000 ynwenners. Letter foegen har ymmigranten dy't it oerbefolke Yslân ûntflechten by de oarspronklike groep. De groep ymmigranten dy't yn 1002 oankaam brocht in (ûnbekende) sykte mei. De epidemy desimearre it tal kolonisten. In protte foaroanmannen stoaren, ek Earik sels yn de winter fan 1003. De koloanje kaam der lykwols wer boppe-op en bleau bestien oant de lytse iistiid har úteinlik fuorfage yn de 15e iuw, in koart skoft foardat Christoffel Columbus de definitive ûntdekking fan Amearika yn 1492 op syn namme brocht.

Neisieten bewurkje seksje

Earik soe fjouwer bern hân hawwe: in dochter, Freydís Eiríksdóttir en trije soannen, Leif Eriksson (ek wol: Leifur Eiríksson, de ûntdekkingsreizger dy't op de eastkust fan Kanada bedarre, sjoch L'Anse aux Meadows), Thorvald Eriksson (Þorvald Eiríksson) en Thorstein Eriksson (Þorsteinn Eiríksson). Earik wie in heiden; syn soan Leif hat it kristlike leauwen oannaam.

Leif hie syn heit ek útnûge foar de reis, mar neffens de leginde foel Earik ûnderweis nei it skip fan it hynder, wat er as in min teken beskôge en dêrom bleau er thús. Earik stoar yn de winter nei't syn soan ôfset wie. Oft Leif fan syn heite dea witten hat foar't er werom yn Grienlân wie is gjin bewiis foar.

Keppelings om utens bewurkje seksje