Eastenryksk Militêr Ordinariaat
It Eastenryksk Militêr Ordinariaat (Dútsk: Militärordinariat der Republik Österreich, Latyn: Ordinariatus Militaris Austriae) is in militêr ordinariaat fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. It ordinariaat falt streekrjocht ûnder de Hillige Sit en jout pastorale soarch oan de likernôch 100.000 katoliken fan de Eastenrykske striidkrêften.
Skiednis
bewurkje seksjeKeizerin Maria Theresia stifte yn it kastiel fan Wiener Neustadt yn 1751 de Theresiaanske Militêre Akadeemje (Dútsk: Theresianische Militärakademie). Twaëntweintich jier letter stelde de keizerin yn 1773 in buro yn foar in militêre biskop, in taak dy't de biskop fan Wiener Neustadt krige. Yn 1785 waard it bisdom fan Wiener Neustadt lykwols opheft en gearfoege mei it aartsbisdom fan Wenen. De lêste biskop fan Wiener Neustadt wie Johan Hendrik van Kerens en dy waard ek de earste biskop fan it doe nije bisdom Sankt Pölten. Nei de Earste Wrâldkriich foel der in gat fan fyftich jier sûnder dat der militêre biskoppen beneamd waarden.
Op 21 febrewaris 1959 waard in militêr fikariaat ynsteld, mei kardinaal Franz König, de aartsbiskop fan Wenen, as earste militêre fikaris. Mei de apostoalyske konstitúsje Spirituali militum curae waard it op 21 july 1986 ferheft ta in militêr ordinariaat.
It militêre ordinariaat hat deselde status as in diosesane biskop en is ek lid fan de Eastenrykske Biskoppekonferinsje.
Katedraal
bewurkje seksjeKatedraal fan it Eastenryksk Militêr Ordinariaat is de Sint-Joariskatedraal yn Wiener Neustadt.
Patroanhillige
bewurkje seksjeDe patroanhillige fan it Eastenryksk Militêr Ordinariaat is de soldatehillige Sint-Joaris.