Sint-Joariskatedraal (Wiener Neustadt)
De Sint-Joariskatedraal (Dútsk: St.-Georgs-Kathedrale) yn Wiener Neustadt is de katedraal fan it Eastenryksk Militêr Ordinariaat. De as goatyske halletsjerke boude katedraal is de eardere boarchkapel fan it kastiel, dat yn de 18e iuw fan keizerin Maria Theresia de funksje krige fan militêre akadeemje.
Sint-Joariskatedraal
St.-Georgs-Kathedrale | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Eastenryk | |
dielsteat | Opper-Eastenryk | |
plak | Wiener Neustadt | |
adres | Burgplatz 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 15e iuw | |
arsjitekt | Peter von Pusica | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | Monumint | |
monumintnûmer | 10639 [1] | |
offisjele webside | ||
Webstee Eastenryksk Militêr Ordinariaat |
Skiednis
bewurkje seksjeDe bou fan de tsjerke fûn plak yn opdracht fan Freark III, hartoch fan Eastenryk. De arsjitekt Peter fan Pusica sette yn 1440 útein mei it westlike diel. De tsjerke waard yn 1460 wijd oan Marije.
Mei de komst fan de Ridderoarder fan Sint-Joaris yn 1479 nei Wiener Neustadt feroare de patroanhillige fan de tsjerke yn Sint-Joaris. Om't keizer Maksimiliaan I yn de boarch berne waard, waard dy ek yn 1519 ûnder it heechalter fan de tsjerke begroeven, al hie er foar himsels in grêf yn Innsbruck betocht. Nei de pauslike opheffing fan de ridderoarder yn 1600 krigen de jezuïeten de tsjerke, dêrnei folgen sistersjinzers en piaristen.
Brannen yn 1608 en 1616 brochten net allinne skea oan de boarch mar ek oan de tsjerke. Aartshartoch Maksimiliaan III liet in restauraasje útfiere. De stifting fan de Aadlike Militêre skoalle of Akadeemje fan Wiener Neustadt, de tsjintwurdige Theresiaanske Militêre Akadeemje, troch Maria Theresia op 14 desimber 1751 hie ek foar de tsjerke betsjutting. Boarch en tsjerke foarmen no ien gehiel. Yn 1753 waarden in tsjerkhôf foar de Militêre Akadeemje oanlein en de tsjerke ferboud.
Tusken 1936 en 1938 fûn in restauraasje fan de tsjerke plak. By de restauraasje waarden ek de fresko's boppe de haadyngong bleatlein. Yn maart 1945 waarden de boarch en de tsjerke by it bombardemint fan 12 maart 1945 foar in grut part ferneatige. Al yn 1946 folge de weropbou, dy't yn 1951 foltôge wurde koe. Aartsbiskop Theodor Innitzer fan Wenen wijde de tsjerke op 'e nij yn.
De tsjerke is sûnt 1967 de katedraal fan it Militêre Ordinariaat fan Eastenryk.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|