Echte fazantfûgels

De echte fazantfûgels (wittenskiplike namme: Phasianini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae). Ta dizze tûke hearre likernôch 25 soarten dy't foarkomme yn Jeropa en Aazje. De echte fazanten waarden foar it earst yn 1821 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske ornitolooch Thomas Horsfield. De yndieling waard ûnderstipe troch in nije analyze fan 'e taksonomy fan 'e hineftigen dy't yn 2021 akseptearre waard troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU).

echte fazanten
In fazant (Phasianus colchicus).
In fazant (Phasianus colchicus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: echte fazanten (Phasianinae)
tûke: echte fazantfûgels (Phasianini)
Horsfield, 1821

Tûke-opbou bewurkje seksje

¹) foarhinne beskôge as in selsstannige soarte; no beskôge as in wat ôfwikende populaasje fan 'e edwardsfazant.
²) foarhinne beskôge as in selsstannige soarte; no is dúdlik dat it in seldsume natuerlik foarkommende hybride is fan 'e edwardsfazant mei de sulverfazant.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.