De elliotfazant of Elliots fazant (wittenskiplike namme: Syrmaticus ellioti), ek wol de Sineeske streekrêchfazant neamd, is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e langsturtfazanten (Syrmaticus). Dit bist is lânseigen yn it sudeasten fan Sina. It is in middelgrutte fûgel dy't gâns seksuele dimorfy fertoand. De IUCN klassifisearret de elliotfazant as gefoelich.

elliotfazant

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai langsturtfazanten (Syrmaticus)
soarte
Syrmaticus ellioti
Swinhoe, 1872
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

Namme en taksonomy

bewurkje seksje

De elliotfazant waard foar it earst yn 1872 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske diplomaat en ornitolooch Robert Swinhoe, nei in eksimplaar dat ôfkomstich wie út Ningbo yn 'e Sineeske provinsje Zhejiang. Swinhoe joech de fûgel de wittenskiplike namme Phasianus ellioti (letter neffens nije ynsichten omneamd ta Syrmaticus ellioti). De fûgel waard ferneamd nei de Amerikaanske ornitolooch Daniel Giraud Elliot.

 
In hoanne.

Fersprieding

bewurkje seksje

De elliotfazant komt inkeld foar yn dielen fan súdeastlik Sina. It ferspriedingsgebiet omfettet dielen fan 'e Sineeske provinsjes Guizhou, Hubei, Anhui, Zhejiang, Fujian, Jiangxi, Hunan en Guangdong en fan 'e (yn namme) autonome regio Guangxi.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De elliotfazant is in middelgrutte fûgel. De hoanne hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 80 sm, dêr't de sturt 42–47 sm fan útmakket. De wjukspanne berint 230–240 sm, wylst it gewicht 1–1,3 kg bedraacht. De hin is in slach lytser, mei in kop-sturtlingte fan 50 sm, in koartere sturt fan 17–19,5 sm, in wjukspanne fan 210–225 sm en in gewicht fan 800–900 g.

Krekt as by de measte fazantesoarten hat de hoanne opfallende kleuren om mei te pronkjen. Hy is kastanjebrún op it boarst en it meastepart fan 'e rêch en de wjukken, mei in wite kiel en bealch. Oer de rêch rinne fan 'e skouders ôf omleech wite, V-foarmige streken troch it kastanjebrún hinne. Oer de boppe-ein fan 'e wjukken, tusken it brún fan it boarst en it wyt fan 'e kiel en oer de strôt hinne hat de fûgel út 'en swartens skinende metaaleftige dûnkerblauwe streken. De siden binne spikkelbûnt wyt mei kastanjebrún en de lange sturt hat wite en kastanjebrune bannen. Om 'e eagen hinne hat de hoanne reade lellen.

De elliotfazant fertoant gâns seksuele dimorfy, mei't de hin hiel oare kleuren hat. Dy is nammentlik rodzich brún mei wite spikkels dertrochhinne, en hat in swarte kiel, in wite bealch en in sturt dy't minder dúdlik streekt is as dy fan 'e hoanne. Dêrmei falt de hin folle minder op, mar it is in folle bettere skutkleur, dêr't er ferlet fan hat as er sit te brieden.

Elliotfazanten libje yn subtropyske leafwâlden en mingde wâlden yn bercheftige kriten. De bosk moat in ticht blêdetek hawwe. Soms sjocht men elliotfazanten ek yn gebieten sûnder beammen, mar mei ynstee in tichte begroeiïng fan strewelleguod, bamboe en fearplanten. Se komme foar op hichten fan 200–1.900 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Oer it hâlden en dragen fan 'e elliotfazant is frijwol neat bekend, útsein wat eksimplaren yn finzenskip oanbelanget, dy't yn sokke omstannichheden mooglik net of net folslein har natuerlike gedrach fertoane. De peartiid fynt plak tusken de ein fan jannewaris en de midden fan febrewaris, wêrby't de hoannen in pronkjende balts opfiere op basis wêrfan't de hinnen in pearingspartner kieze. Nei de pearing hat de hoanne neat mear mei de fuortplanting út te stean.

 
In aai fan 'e elliotfazant.

De hin skrabet op in beskut plak in ûndjip dobke yn 'e grûn út, dat er by wize fan nêst beklaait mei wat plantegrien. Dêrop leit er 6–8 rodzich bêzje aaien, dy't 42 by 33 mm mjitte. De briedtiid duorret 25 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't binnen oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte kinne. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee troch har nei gaadlike plakken brocht dêr't se harsels fuorje kinne.

Elliotfazanten hawwe in foar it meastepart herbivoar dieet, dat fierhinne bestiet út sieden, blêden en beien.

De elliotfazant hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't er inkeld foarkomt yn in beheind gebiet, dêr't er te lijen hat ûnder habitatferlies troch minsklike aktiviteiten. Ek wurdt dizze fûgel troch minsken bejage om opiten te wurden. Nettsjinsteande dat liket de populaasje fan yn totaal sa'n 100.000 eksimplaren ridlik stabyl te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en Einzelnachweise, op dizze side.