In lel is in ôfhingjend fleizich lichemsdiel oan 'e kop of hals fan beskate soarten fûgels. Almeast komme lellen yn pearen foar, mar guon soarten hawwe der mar ien. Lellen binne it bekendst fan domestisearre fûgelsoarten lykas de hin (Gallus gallus domesticus) en de nuete kalkoen (Meleagris gallopavo domesticus). Oare foarbylden fan fûgels dy't lellen hawwe, binne de wylde kalkoen (Meleagris gallopavo), de fazant (Phasianus colchicus), de helmkasuaris (Casuarius casuarius), de lelprotter (Creatophora cinerea), de lelkraanfûgel (Bugeranus carunculatus), de lelljip (Vanellus sengallus) en de muskusein (Cairina moschata).

De kop fan in hoanne mei in pear ôfhingjende reade lellen ûnder de snaffel.

By de measte fûgels komme de lellen allinnich mar foar by de mantsjes en as sadanich binne se dan ien fan 'e oarsaken fan seksuele dimorfy. By parasolfûgels (Cephalopterus) binne lellen funksjoneel en tsjinje se om 'e rop fan 'e fûgel lûder te meitsjen. By de measte belelle fûgels hawwe lellen lykwols gjin oare funksje as om mei te pronkjen, sadat it mantsje yn 'e peartiid wyfkes lokje kin om mei te pearjen. Sadwaande hawwe lellen faak ek opfallende kleuren, lykas yn it gefal fan 'e hoanne fan 'e hûshin fel read. Grutte lellen binne by sokke fûgels in teken fan hege nivo's fan it hormoan testosteron, goede fieding en it fermogen om oan rôfdieren te ûntkommen. Dat binne allegearre dingen dy't derop wize dat sa'n fûgel in goede pearingspartner is foar in wyfke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.