Spoar (lichemsdiel)

In spoar is in puntich útsteksel dat by hiel ferskillende soarten bisten op ûnderskate plakken fan it lichem groeit. It is opmakke út in stikje bonke dat oerdutsen is mei keratine, deselde stof dêr't ek neilen, klauwen en hoarnen út besteane. 'Spoar' is yn dit gefal in haadwurd dat it lidwurd 'de' kriget (oars as it spoar dat it efterbliuwsel fan eat is of it spoar dêr't treinen oer ride).

In hoanne mei spoaren oan 'e poaten.

Spoaren as anatomysk ferskynsel komme foar by de measte soarten hineftigen (Galliformes), dy't se oan 'e efterkant fan 'e poaten hawwe, in pear sintimeter heger as de teannen. De measte fûgels hawwe fjouwer teannen: ien dy't tebek wiist en trije dy't foarút wize. De fyfde tean mist, útsein by fûgels dêr't de fyfde tean him ûntjûn hat ta de spoar. It bekendst binne sokke spoaren fan 'e hoanne fan 'e gewoane hin (Gallus gallus domesticus). De wyfkeshinnen hawwe se net en ek by de measte oare hineftigen komme spoaren inkeld foar by de hoannen. Dy brûke se foar territoriale gefjochten en soms om harsels te ferwarren tsjin in oanfal troch in rôfdier. By hoannegefjochten, in foarm bloedsport, wurde de spoaren fan 'e hoannen faak beklaaid mei in metalen omhulsel mei in skerpe punt, sadat de fûgels inoar folle mear skea tabringe as normaal it gefal wêze soe.

Der binne ek fûgels dy't spoaren oan 'e wjukken hawwe, lykas de spoarwjukgoes (Plectropterus gambensis) en de spoareljip (Vanellus spinosus). By sokke fûgels is de spoar in ferlinging fan it speakbien, en sit er oan 'e foarrâne fan 'e wjuk, likernôch healwei de romp en de wjukpunt. De spoar is net sichtber as de wjuk opteard is. It is noch net alhiel dúdlik wat de funksje fan sokke spoaren is: guon biologen sjogge se as wapens dy't ynset wurde kinne tsjin rôfdieren, wylst oaren miene dat se inkeld bedoeld binne om mei te driigjen, mei't se eins net folle skea oanrjochtsje kinne.

Behalven by fûgels komme spoaren ek foar by beskate soarten primitive slangen, lykas de pytons (Pythonidae) en boä's (Boidae), en poatleaze hagedissen, lykas de streekte poatleaze hagedis (Delma impar). By sokke reptilen sitte de spoaren oan wjerskanten fan 'e kloäka (it geslachtsdiel) en tsjinje se benammen om by de pearing grip op 'e partner te hâlden.

By sûchdieren komme spoaren yn seldsume gefallen foar. It bekendst binne se fan 'e mantsjes fan it fûgelbekdier (Ornithorhynchus anatinus) út Austraalje, dy't goed ûntwikkele spoaren hawwe by de hakken fan 'e efterpoaten. Sokke spoaren binne hol en steane yn ferbining mei in gifklier, en as it bist him bedrige fielt, sil er besykje mei de efterpoat efterút te wâdzjen om sa gif by syn bedriger te ynjektearjen. Foar minsken is dat net deadlik, mar nei't it skynt is it wol alderûntychlikste pynlik. By eamelychels (Tachyglossidae), bisten dy't krekt as it fûgelbekdier ta de snaffeldieren (Monotremata) hearre, komme by de hakken net-giftige spoaren foar. De stikelsturtkangoeroes (Onychogalea) hawwe, sa't de namme al oantsjut, in inkele spoar op 'e ein fan 'e sturt. It mantsje fan 'e ringsturtmaky (Lemur catta), út Madagaskar, hat spoaren oan 'e binnenkant fan elts fan 'e ûnderearms, likernôch 25 sm boppe de pols, dy't in geurklier bedekke. De bisten brûke de spoaren om geurflaggen út te setten om har territoarium ôf te beakenjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.