In kielpûde of kielsek is yn 'e ornitology by fûgels in stik oprekbere hûd op 'e kiel of hals dêr't gjin fearren groeie. By fûgels as pilekanen en fregatfûgels ferbynt de kielpûde de ûnderkaak fan 'e snaffel mei de hals. Beskate soarten rûchpoathinnen hawwe net ien, mar twa kielpûden, dy't op in leger plak oan 'e sydkanten fan 'e hals sitte. Behalven by fûgels komt dit anatomyske ferskynsel ek foar by beskate sûchdieren, amfibyen en reptilen. Kielpûden tsjinje ferskate doelen.

In manlike grutte fregatfûgel (Fregata minor) mei in opfallende reade kielpûde.

Kielpûden binne it bekendst fan fûgels. By skiften fan 'e ginteftigen (Suliformes of Phalacrocoraciformes) en de pilekaaneftigen (Pelecaniformes), dy't in mienskiplike foarâlder hawwe, wurdt de kielpûde ûnder de jacht brûkt foar de opslach fan fisk en oare proaidieren, sadat dy letter opfretten of oan 'e piken opfuorre wurde kinne. Fral by pilekanen is de kielpûde tige prominint oanwêzich.

By de ielguozzen (Phalacrocoracidae), dy't ta de ginteftigen hearre, is de kielpûde faak kleure op in manear dy't kontrastearret mei it swarte of swart-mei-wite fearrekleed fan 'e fûgels. It is net alhiel dúdlik wat de funksje dêrfan is, mar it moat in ien of oar sosjaal sinjaal wêze, mei't de kleur fan 'e kielpûde feller wurdt neigeraden dat in jonge fûgel geslachtsripens berikt.

By de fregatfûgels (Fregatidae), dy't ek ûnder de ginteftigen falle, stekt de felreade kielpûde ôf tsjin 'e swarte fearren. Hy wurdt troch de mantsjes op dramatyske wize brûkt by de balts, troch de pûde oer in perioade fan likernôch 20 minuten fol te pompen mei lucht. Dêrtroch wurdt de kielpûde opblaasd ta in grutte reade ballon dy't de fûgels ûnder de snaffel hinget.

Mei't de ielguozzen nauwer besibbe binne oan 'e ginten (Sulidae) en de slangehalsfûgels (Anhingidae) as oan 'e pilekanen en fregatfûgels, en om't de ginten en slangehalsfûgels gjin kielpûde hawwe, moat der wat dit anatomyske ferskynsel oangiet by de ûnderskate groepen ginteftigen sprake wêze fan parallelle evolúsje.

 
In hoanne fan 'e waaierhin oan it baltsen, mei beide kielpûden folpompt mei lucht.

Kielpûden komme ek foar by beskate soarten rûchpoathinnen (Tetraonini), dy't ta de hineftigen (Galliformes) hearre en mar út 'e fierte besibbe binne oan 'e ginteftigen. It dêrby om 'e hoannen fan 'e beamsniehinnen (Dendragapus), de prêrjehinnen (Tympanuchus) en de waaierhinnen (Centrocercus). Dy hawwe net ien, mar twa kielpûden, oan wjerskanten fan 'e hals en op in leger plak as by de ginteftigen en pilekaaneftigen. By dizze fûgels tsjinje de kielpûden gjin inkeld oar doel as om se fol lucht te pompen en der by de balts mei te pronkjen.

Oare wringedieren

bewurkje seksje

By de sûchdieren komt in kielpûde foar by de walrus (Odobenus rosmarus), guon soarten gibbons (Hylobatidae), lykas de siamang (Symphalangus syndactylus), en by de orang-oetans (Pongo). By amfibyen is dit ferskynsel it bekendst fan kikkerts (Anura), dêr't de kielpûde spesifyk de kwêkblaas neamd wurdt. Dy wurdt folpompt mei lucht om fokalisaasjes te produsearjen ("kwêkjen"). Dat dogge se om mei-inoar te kommunisearjen, rivalen ôf te skrikken troch har dominânsje blike te litten en in pearingspartner oan te lokjen. De lucht yn 'e kwêkblaas wurket dêrby as fersterker om it stimlûd fan it bist lûder klinke te litten. Guon soarten hagedissen, lykas agamen (Agamidae) en kameleons (Chamaeleonidae) hawwe ek in kielpûde.

Wringeleazen

bewurkje seksje

By wringeleas dierte is de kielpûde bekend fan 'e kegelslakken (Conidae), in groep uterst giftige seeslakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.