De waaierhinnen (wittenskiplike namme: Centrocercus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it boppeskift fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae), it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de boppefamylje fan 'e fazantfûgels (Phasianoidea), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de ûnderfamylje fan 'e echte fazanten (Phasianinae) en de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini).

waaierhinnen
In waaierhin (Centrocercus urophasianus).
In waaierhin (Centrocercus urophasianus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: hineftigen (Galliformes)
boppefamylje: fazantfûgels (Phasianoidea)
famylje: fazanteftigen (Phasianidae)
ûnderfamylje: echte fazanten (Phasianinae)
tûke: rûchpoathinnen (Tetraonini)
skaai: waaierhinnen (Centrocercus)
Swainson, 1832

Dit skaai omfettet twa soarten, dy't foarkomme yn it westen fan Noard-Amearika. Se libje benammen yn iepen lânskippen, lykas steppes, healwoastinen en flakten, fral as dy begroeid binne mei aalst. Krekt as by oare soarten rûchpoathinnen bestiet ek by waaierhinnen sterke seksuele dimorfy. Beide soarten waaierhinnen binne yn 'e problemen kommen troch habitatferlies as gefolch fan minsklike aktiviteiten. De Gunnisonwaaierhin is bedrige, wylst de sitewaasje fan 'e gewoane waaierhin troch de IUCN oantsjut wurdt as "gefoelich".

  • skaai waaierhinnen (Centrocercus)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.