Kamûflaazje

(Trochferwiisd fan Skutkleur)

Kamûflaazje (fan it Frânske camouflage, mei deselde betsjutting) is it gebrûk fan in kombinaasje fan materiaal, kleur, tekening, foarm en beljochting foar beskûl. Soks komt foar yn 'e natoer, troch evolúsjonêre oanpassings, mar it wurdt ek aktyf troch minsken dien. It kin op twa manearen wurkje: troch bisten of foarwerpen dreger te ûnderskieden te meitsjen, of troch se te fermommen as wat hiel oars. De dreger te sjen meitsjen foarm fan kamûflaazje wurdt ek wol in skutkleur neamd; dêrby wurdt sterk gebrûk makke fan gesichtsbedroch. Bekende foarbylden dêrfan binne militêre unifoarmen yn in ûnderbrutsen patroan fan ûnregelmjittige griene, brune en swarte flakken en de spikkelbûnte pels fan in panter. De fermommende foarm fan kamûflaazje hjit mimikry; in bekend foarbyld dêrfan is in ûngefaarlike sweefmich mei de giel-swarte warskôgingsstreken fan in meeps en in wanneljende tûke dy't it uterlik fan in echte tûke hat om oer de holle sjoen te wurden troch ynsekte-itende rôfdieren.

In militêr bringt kamuflearjende smink op syn gesicht oan. Sawol syn helm as syn militêr unifoarm hawwe kamûflaazjekleuren yn in ûnderbrutsen patroan.

Natuerlike kamûflaazje

bewurkje seksje

Natuerlike kamûflaazje is kamûflaazje dy't foarkomt yn 'e natoer. Dit ferskynsel wurdt ek wol krypsis neamd. It kin ferskate foarmen oannimme.

 
De Egyptyske nachtswel nêstelet yn iepen sân, mar is dêr frijwol ûnsichtber troch in treflike skutkleur.

De bekendste foarm fan natuerlike kamûflaazje is de skutkleur, wêrby't in organisme de kleur fan 'e eftergrûn oannimt om dreger opmerkber te wurden. Soms wurket dat sa goed dat it bist frijwol ûnsichtber is. Yn 'e regel is in skutkleur it gefolch fan in evolúsjonêre oanpassing. Skutkleuren komme sawol by proaidieren foar, dy't se brûke om net opmurken te wurden troch rôfdieren, as by rôfdieren, dy't in skutkleur brûke kinne om ûnopmurken in proai te beslûpen, of stil ôf te wachtsjen oant in proai sûnder euvelmoed ticht genôch by komt om pakt te wurden. In foarbyld fan in proaidier mei in skutkleur is de ree, dy't yn syn beboske biotoop mar mei muoite opmerkber is; in foarbyld fan in rôfdier mei in skutkleur is de panter mei syn pels fan swarte stippen op in giele ûndergrûn.

 
In panter is yn it lange gers fan 'e Afrikaanske savanne mar amper te sjen.

Skutkleuren geane ornaris mank mei in oanpassing yn hâlden en dragen. Sa hawwe nachtflinters faak in skutkleur dy't makket dat se net opfalle as se op in beamstamme sitte. Trochdat se oerdeis deastil sitten bliuwe, wurket dy skutkleur. Sadree't se har bewege, wurdt it effekt ferbrutsen. Kamûflaazjekleuren sjocht men ek in protte by de wyfkes fan fûgelsoarten. Dy hawwe in skutkleur om't se yn 'e briedtiid lang op it nêst sitte moatte de aaien út te brieden, wylst de mantsjes, dy't dat net hoege te dwaan, gjin skutkleur hawwe, mar faak tige opfallend kleure binne (bgl. by de wylde ein en de fazant). Salang't it sijke stil op it nêst sitten bliuwt, is it faak hast net te sjen, mar sadree't it beweecht, wurdt it opmurken.

Guon bisten, wêrûnder kameleons, oktopussen en beskate fiskesoarten kinne harren hûdskleur aktyf feroarje. Dat fermogen brûke se sawol foar kamûflaazje as foar ûnderlinge kommunikaasje. Behalven troch evolúsje kinne skutkleuren ek op oare manearen ta stân komme. Beskate soarten krabben fandelje bygelyks materiaal út harren habitat gear dat se oan har lichem fêstmeitsje.

 
In paubot (Bothus mancus) kin syn kleurpatroan feroarje om himsels tsjin ferskate eftergrûnen te kamûflearjen.

Foarmferdizening

bewurkje seksje

In twadde foarm fan natuerlike kamûflaazje is foarmferdizening. Dat wurdt ek wol oantsjut as disruptive kleuring. Dêrby hat it almeast fertikaal streke kleurpatroan ta gefolch dat de foarm en kontoeren fan it lichem fan in bist ferdizenje tsjin 'e natuerlike eftergrûn. Dy bestiet ommers ek út fertikale streken, foarme troch plantegroei of troch soartgenoaten. It bist sels is foar syn proai of natuerlike fijân wol te sjen om't er gjin skutkleur hat, mar trochdat it kleurpatroan de foarm fan syn lichem ûnderbrekt, wurdt er minder gau opmurken. Dizze foarm fan kamûflaazje komt bgl. foar by in rôfdier as de tiger en in proaidier as de sebra.

 
De streken fan sebra's meitsje dat yndividuën foar rôfdieren min te ûnderskieden binne tsjin 'e eftergrûn fan in hiele keppel.

Tsjinkleuring

bewurkje seksje

In oare tige effektive foarm fan kamûflaazje is tsjinkleuring, dat ek wol omdraaide skaadwurking neamd wurdt. Dêrby wurdt de romtlike waarnimming fersteurd. Dat komt fral foar by bisten dy't yn see libje, lykas haaien en pinguïns. Dy hawwe in dûnker kleure rêch, sadat se net of mar skraachoan te sjen binne as men fan boppe-ôf yn it wetter op harren delsjocht, mei't se dan in dûnkere eftergrûn hawwe (de djipte fan 'e see). Mar de bealch is ljocht kleure, sadat se dreger te sjen binne as men fan ûnderen ôf nei harren omheech sjocht, om't se dan in ljochte eftergrûn hawwe (it ljocht oan it wetteroerflak).

Natuerlike kamûflaazje kin ek de foarm oannimme fan neibearing, oftewol mimikry, wêrby't in organisme de kleur en foarm oannimt fan wat oars. In bekend foarbyld dêrfan wurdt foarme troch ferskate soarten sweefmiggen, dy't ûngefaarlik binne en net stekke kinne, en dêrom eins warleas binne foar rôfdieren oer. Mar troch evolúsje hawwe se in giel-swart streke liif krigen, dat de kleuren fan 'e meeps, dy't wól flink stekke kin, neibeart. Rôfdieren dy't de meeps út 'e wei geane, sille dus ek de ûngefaarlike sweefmiggen gewurde litte. In oar foarbyld wurdt foarme troch wannejende tûken en wanneljende blêden, wat ynsekten binne dy't de kleur en foarm fan in twiich, resp. in blêd hawwe. Krekt sa liket de seedraak of grutte raffelfisk, in fisk dy't nau besibbe is oan it seehynderke, gâns op in yn it wetter omdriuwkeljend stik seewier.

 
In seedraak of grutte raffelfisk sjocht der út en beweecht as is er in stik omdriuwend seewier.

Militêre kamûflaazje

bewurkje seksje

Militêre kamûflaazje is it dreger opmerkber meitsjen fan militêr personiel, militêre fiertugen en militêre bases. Dat is in ûntwikkeling dy't pas yn 'e njoggentjinde iuw begûn; foartiid waard it as lef en earleas beskôge om jin yn in oarlochssitewaasje te ferbergjen. Doe hiene militêre unifoarmen krekt opfallende kleuren, dy't men no allinnich noch mar sjocht by militêre parades, lykas it blau fan it Frânske Leger en it Amerikaanske Leger en it read fan it Britske Leger.

 
Noarske frijwilligers yn 'e Winteroarloch (19391940) yn wite kamûflaazjepakken.

Inkele skerpskuttersienheden fan it Britske Leger wiene yn 'e Napoleontyske Oarloggen (18031815) de earsten dy't fan kamûflaazje gebrûk makke troch in grien unifoarmjaske te yntrodusearjen. Ek yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (18611865) droegen de skerpskutters fan it Noardlike Leger fan 'e Uny griene unifoarmen. De unifoarmen fan 'e soldaten dy't foar de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika fochten, droegen grize of hazzenútkleurige unifoarmen, wat al in grutte ferbettering wie oer it blau fan 'e sljochtwei soldaten fan it Noardlike leger.

Tsjin 1896 hie it Britske Leger oeral bûten de Britske Eilannen sels in kakikleurich (brún-grien) unifoarm ynfierd. De Twadde Boere-oarloch (18991902) yn Súd-Afrika wie de earste oarloch wêryn't Britske soldaten dat ynifoarm yn in oarlochssitewaasje droegen. De Frânsen fochten oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch (19141918) noch yn it blau, mar tsjin 1920 wiene hast alle moderne lânmachten oergien op it gebrûk fan almeast legergriene (of yn it gefal fan Dútslân fjildgrize) unifoarmen.

Letter waard foar op it slachfjild in noch bettere kamûflaazje ynfierd, besteande út in patroan fan disruptive kleuring mei ûnregelmjittige flakken yn ferskillende ûnopfallende kleuren. De militêren giene dêrtroch op yn it gefjochtsterrein. Fan sokke disruptive kamûflaazje waarden ferskate soarten ûntwikkele, mei't greiden, ikkers en bosken (grien, brún en swart) in hiele oare eftergrûn foarmje as woastyn (brún, bêzje en giel) of winterske lânskippen en de poalstreken (wyt en griis). De earste legerienheid dy't foar militêre unifoarmen op grutte skaal gebrûk makke fan sokke disruptive kleuring, wie de nazy-Dútske Waffen-SS yn 'e Twadde Wrâldoarloch (19391945). Tsjintwurdich wurdt oan sokke disruptyf kleure unifoarmen faak ek noch smink tafoege, dy't yn soartgelikense patroanen op it gesicht en eventueel oare ûntbleate lichemsdielen smaard wurdt.

Op deselde manear kaam stadichoan kamûflaazje foar militêre fiertugen yn gebrûk, lykas tanks, pânserfiertugen, militêre frachtweinen en auto's, jachtfleanmasinen, bommesmiters en marineskippen. Earst waard dêrfoar in effen legergriene (foar marineskippen grize) kleur ynfierd, en pas letter waard disruptive kleuring tafoege. Der kamen ek saneamde kamûflaazjenetten yn gebrûk, netten mei stikjes disruptyf kleure stof deroan, dy't men oer militêre fiertugen en ynstallaasjes hinne drapearje koe om dy te kamûflearjen foar fijannige militêre ferkenning út 'e loft wei.

Yn 'e Earste Golfoarloch (19901991) waard mei de yntroduksje troch de Amerikaanske Loftmacht fan 'e Lockheed Martin F-117 Nighthawk dúdlik dat militêre kamûflaazje ek mooglik is yn foarmen dy't foar it minsklik each net sichtber binne. De F-117 omfette nammentlik nije saneamde stealth-technology dy't it fleantúch foar de fijannige radar frijwol ûnsichtber makke. Neitiid binne ek oare militêre fleantugen en guon marinskippen mei sokke technology tarist.

In aparte foarm fan militêre kamûflaazje is dazzle-kamûflaazje (dazzle is Ingelsk foar "betizing" en "tûzelsinnigens"). Dy is der net op rjochte om 'e sichtberens te ferminderjen, mar om 'e waarnimmer of deteksje-apparatuer (lykas radar) te mislieden. Dat wurdt berikt troch bygelyks marineskippen yn bizare patroanen fan streken en blokken te fervjen, sadat it troch romtlik gesichtsbedroch wol liket as misse der stikken út. Dêrtroch wurdt it dreger om 'e rjochting en faasje fan farrende skippen te bepalen. Dazzle-kamûflaazje waard yn 'e Earste Wrâldoarloch ûntwikkele troch de Admiraliteit fan Ingelân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.