Eddy Christiani
Eduard "Eddy" Christiani (21 april 1918 - 24 oktober 2016) wie in Nederlânske gitarist, sjonger en komponist. Hy wie benammen bekend fan lietsjes as Zonnig Madeira (1938), Ouwe Taaie (1943), Op De Woelige Baren (1948), Kleine Greetje Uit De Polder (1950), Spring Maar Achterop (1952), Daar Bij De Waterkant en Rosemarie Polka (1953).
Eddy Christiani | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Eddy Christiani (1965) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 21 april 1918 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 24 oktober 2016 | |
stjerplak | Aalsmeer | |
wurkpaad | ||
sjenre | amusemintsmuzyk | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
ynstrumint | elektryske gitaar | |
jierren aktyf | 1935-2010 | |
offisjele webside | ||
discogs-profyl IMDb-profyl MusicBrainz-profyl |
Christiani wie oant 2010 noch aktyf as sjonger, mar trede sûnt 2008 net mear yn sealen op.
Libben en wurk
bewurkje seksjeChristiani stiet yn de Nederlânsktalige libbenslietradysje, mar njonken Lou Bandy en Willy Derby wiene ek ferskate soarten Amerikaanske amusemintsmuzyk fan ynfloed op syn styl. Yn 1939 wie er de earste Nederlânske (en mooglik earste Europeeske) artyst dy 't in elektryske gitaar (Epiphone model Electar Model M) bespile. Syn gitaarsound waard beskiedend foar it lûd fan it Orkest Frans Wouters (mei John de Mol op akkordeon en Theo van Brinkom op fioele). Yn 1941 naam er as earste Nederlânske gitarist in elektryske gitaarsolo op yn Ons Gebouw yn Hilfertsom. The Windmill wie in troch himsels skreaun ynstrumintaal nûmer.
Yn 1943 moast er fanwegen problemen mei de Kultuerkeamer ûnderdûke en gie er nei België. Nei de befrijing fan Brussel spile Christiani yn in Ingelsk legerorkest, de Army Troupers. Achter de frontlinys luts er mei Dútslân yn. Yn Bonn koe er him oanslute by de ferneamde Cold Stream Guards (The Guards Divisional Dance Orchestra). Yn Hamburg trede Christiani as gastsolist mei syn elektryske gitaar op foar de British Forces Network (BFN). Yn 1946 kaam er werom nei Nederlân.
Nei 1945
bewurkje seksjeMei de populariteit fan Christiani gie it yn de perioade nei de oarloch foar wûnder. Hy waard in wier popidoal. Om oan alle oanbiedingen foldwaan te kinnen besleat Christiani tegearre mei Frans Poptie yn 1951 syn eigen ensemble op te rjochtsjen, it "Ensemble Eddy Christiani ûnder lieding fan Frans Poptie". De lêzers fan it muzykblêd Tuney Tunes ferkeazen Christiani yn 1953 ta de populêrste sjonger fan Nederlân. Hy bleau boppe-oan yn de poll stean oant en mei 1956.
Nei de opkomst fan de rock-'n-roll hold Christiani op mei it opnimmen fan platen en soe er him as gitarist talizze op begeliedings- en studiowurk.
Christiani wie yn 1952 de earste Nederlanner mei in gouden plaat op 78 toeren mei Zeemanshart. Oare bekende hits fan him wienen Zonnig Madeira (1938), Ouwe Taaie (1943), Op De Woelige Baren (1948), Kleine Greetje Uit De Polder (1950), Spring Maar Achterop (1952), Daar Bij De Waterkant en Rosemarie Polka (1953). Kleine Greetje Uit De Polder einige yn de Week van het Nederlandse Lied 2009 yn de Top 200 op nûmer 94.
Jierren 60 en letter
bewurkje seksjeMei Sucu Sucu (Mijn Sombrero) makke Christiani yn 1961 in comeback. De Spaanske ferzje fan de plaat waard yn de Feriene Steaten, Dútslân en Skandinavië útbrocht. Yn de Amerikaanse Billboard Hot 100 berikte Christiani hjirmei de 82e posysje.
Yn 1962 ûntdutsen in soad jonge oankommende gitaristen dat it sjongidoal fan harren âlden ek opwinende gitaarstikken spylje koe. Syn single Little Geisha/Du, Du Liegst Mir Im Herzen paste hielendal yn de styl fan de Nederlânske gitaargroepen en Indorock-bandjes. Christiani spile de nûmers op syn Gretsch-gitaar (model Chet Atkins Nashville). Syn ynstrumintaal nûmer Wild Geese waard yn 1963 troch The Jumping Jewels covere. Christiani waard yn 1962 en 1963 troch de lêzers fan it moanneblêd Muziek Parade útroppen ta de populêrste Nederlânske gitarist. Mei it kombo fan Tonny Eyk wie Christiani fan de simmer fan 1966 ôf jierrenlang mei syn gitaar te sjen by Willem Duys yn it tf-programma Voor de vuist weg.
Yn 2007, hy wie doe 89, gie er op ôfskiedstoernee mei as titel De engel op mijn schouder. Op 21 april 2008 waard syn 90e jierdei grut fierd ûnder lieding fan Hans van Willigenburg en mei Annie de Reuver, Jan Akkerman en Tonny Eyk. [1] Op 21 april 2013 fierde Christiani syn 95e jierdei yn bywêzen fan De Reuver en Ad van de Gein. Hy ferhuze nei in soarchsintrum yn Aalsmeer en fjirde dêr mei ûnder oaren Gerard Joling syn 98e jierdei. [2] Christiani ferstoar dêr yn oktober 2016 yn de âldens fan 98 jier. De útfeartseremoanje wie yn skouboarch De Meerse yn Hoofddorp; syn jiske waard útstruid by krematoarium Westgaarde yn Amsterdam.
Christiani hat troud west mei de aktrise Hella Faassen.
Earbetoan
bewurkje seksjeDe lêzers fan it tydskrift Muziek Parade rôpen him yn 1963 út ta populêrste gitarist. Yn 1965 krige er in Gouden Harp foar syn libbenswurk, yn 1984 de Gouden Notekraker en yn 2005 de Edisonpriis. Yn 1977 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Foar syn fertsjinsten foar de stêd Amsterdam waard er yn 1984 eare mei "De Gouden Amsterdammer". Yn 2006 waard de gitaristepriis Eddy Christiani Award nei him ferneamd, dy 't oant 2012 op it mêd fan popmuzyk útrikt waard.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|