Eduard von Baumhauer
Eduard (Eetje) Mari von Baumhauer (Rotterdam, 30 maaie 1920 - op de Noardsee, 27 febrewaris 1941) wie in Nederlânsk fersetsstrider en Ingelânfarder.
Eduard von Baumhauer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 30 maaie 1920 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 27 febrewaris 1941 | |
stjerplak | Noardsee | |
wurkpaad | ||
jierren aktyf | 1940-1941 |
Eduard von Baumhauer wie de âldste soan fan de Nederlânske loftfeartpionier Albert Gillis von Baumhauer en Hildegonda Johanna Gratama. Hy gie yn Amsterdam nei it Barlaeus Gymnasium en yn 1939 sette er út ein mei de stúdzje natuerkunde oan de Technyske Hegeskoalle Delft. Rillegau nei it begjin fan de Dútske besetting gie er yn it ferset: hy wie dwaande mei it sellen fan pistoalen fan Dútske militêren en it yn 'e brân stekken fan oaljeopslachplakken. Under oare Willem Pahud de Mortanges hearde ta syn Delftske freonerûnte. Yn 'e mande mei Arnold Cohen boude er in kano om ta motorboat om te besykjen dêrmei Ingelân te berikken. Op 25 febrewaris 1941 setten se ôf, mar al gau begûn it te stoarmjen op de Noardsee, dêrtroch ferdronken se beide. It lichem fan Cohen waard nea fûn, dat fan Von Baumhauer spielde op 17 juny 1941 oan op Teksel.[1]
Underskieding
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|