Eelko Alta
Eelko Alta (Makkum, 23 july 1723 - Boazum, 16 augustus 1798) wie in folksfertsjintwurdiger en predikant. As dûmny stie er yn Bears (1745-1754) en Boazum (1754-1798). Krektas in soad oare 18e iuwske dûmnys bemoeide hy him mei waarkunde, feehâlderij en feesyktes, benammen de feepest. Hy hâlde hurddravers en wie in warber doelist en patriot. Dêrom waard er ek ôfsetten (1790-1795). Yn de Frânske tiid wie Alta folksfertsjintwurdiger.
Hy inte -earst temûk letter iepentlik en by wize fan foarbyld- de kij (op 'en doer benammen keallen fan kij dy't better waarden) yn neffens in eigen metoade. Syn fertsjinsten binne lang by dy fan Geert Reinders beneftersteld.
Neffens Alta soe de wrâld op 8 maaie 1774 fergean troch in gearstân fan 'e planeten Mars, Fenus, Jupiter, Merkuerius en de moanne. Syn foarsizzing waard lang sjoen as de reden foar Eise Eisinga om yn itselde jier syn planetarium te bouwen, mar resint ûndersyk hat dêr in oar ljocht op smiten.[1]
Wurk
bewurkje seksje- Philosophische Bedenkingen over de Conjunctie van de Planeten Jupiter, Mars, Venus, Mercurius en de Maan. Op den Agtsten May 1774. staande te gebeuren, en wel over de Mogelyke en Waarschynelyke Sterre en Natuurkundige Gevolgen deezer Conjunctie (1774). Dit wurk is te lêzen op wumkes.nl.
- Verhandelinge over de natuurlijke oorzaken der Ziekte onder het Rund-fee (1765)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|