Geert Reinders (1737-1815)
Geert Reinders (Bedum, 19 april 1737 – Bellingeweer,4 febrewaris 1815) wie in Grinzer keapman, boer en autodidakt, ien fan de grûnlizzers fan de ymmunology en oprjochter fan de Sociëteit van Onderlinge Bijstand, de Univé Verzekeringen fan hjoed-de-dei. Hy ûntwikkele as earste de faksinaasje tsjin de kowepest en de earste 'koöperative' fersekering yn Nederlân.
Geert Reinders (1737-1815) | ||
politikus | ||
bertedatum | 19 april 1737 | |
berteplak | Bedum | |
stjerdatum | 4 februari 1815 | |
stjerplak | Bellingeweer | |
offisjele webside | ||
Profyl Reinders. parlement.com |
Biografy
bewurkje seksjeReinders waard berne yn Bedum as de âldste soan fan de nôtmûnder Reinder Geerts en syn frou Hylke Roelfs. Nei it beëinigjen fan de legere skoalle doe't er 10 jier wie, wied er ûnder oare mûndersfeint, kastlein, hynstekeapman en boer.
Undersiker
bewurkje seksjeNeidat Geart Reinders as feehanneler belutsen rekke wie by de net sa suksesfolle proeven fan Petrus Camper om de kowepest (feepest) previntyf te bestriden, die er mei folhurding en in yntuïtyf waarnimmingsfermogen proeven op (en soms ta skea fan) syn eigen beslach om de kowepest te bestriden.
Hy ûntduts dat kij dy't better wurden wiene fan kowepest, keallen fuortbrochten dy't yn de earste libbensperioade ymmún wiene tsjin dy sykte. Dêrmei ûntduts er it fenomeen dat yn de hjoeddeistige ymmunology bekend stiet as maternale (passive) ymmuniteit. Ek murk er op dat as de keallen yn dizze tiid mei opsetsin besmet waarden troch in yninting mei firulinte kowematearje, der meastal mar lichte sykteferskynsels optreden en de bisten dêrnei beskerme blieken te wêzen tsjin lettere ynfeksjes mei de kowepest (aktive ymmunisaasje).
Troch it ynintsjen fan dy bisten in pear kear mei tuskenskoften te werheljen, koe de mjitte fan beskerming fergrutte wurde. Geert Reinders makke syn ûntdekking op in wat aparte wize bekend, nammentlik yn in brief, datearre 6 desimber 1774, skreau er oan steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau dat er in wichtige fining dien hie. De resultaten waarden ek koart dêrnei publisearre yn in brief oan de professoaren Petrus Camper en Wynoldus Munniks. Dy lêste sette it brief oer yn it Ingelsk en stjoerde him nei de Royal Society yn Londen. It is tige oannimlik dat Edward Jenner, dokter en faksinûndersiker, de resultaten fan dit ûndersyk brûkt hat as grûnslach foar de ûntwikkeling fan syn kowepok-yninting yn 1798.
Petrus Camper reagearre op it brief troch te stellen dat dizze brief him fjirtjin stuorren oan fracht koste hie. Yn it bûtenlân joech Petrus Camper wol bekendheid oan it wurk fia publikaasjes wêryn't er de namme Geert Reinders mei opsetsin net neamde en it foarkommen die as hie er sels de grutste prestaasjes op dat mêd levere. Mei dêrom sil it te witen wêze, dat men de fertsjinsten fan Geert Reinders foar de ymmunology lange tiid ûnderwurdearre hat. Sûnt 1998 krige er mear wurdearring.
Syktebestrider
bewurkje seksjeDe kowepest yn Nederlân hie oant de tiid fan Geert Reinders in epizoötysk ferrin. Yn Grinslân bruts in epizoösje út yn 1713, dy't duorre oant 1721. Binnen in jier tiid ferlear it gewest Hollân doe twa tredde fan syn fee. Nei dizze útbraak waard de sykte endemysk. Yn 1774 wie der in nije sykteweach. Dêrtroch ûntstie de mooglikheid om ûndersyk te dwaan nei it effekt fan ynintingen, ek al omdat hieltyd nije útbrekken foarkamen.
Fan 1774 ôf waarden der bisten yninte neffens de "metoade Reinders". De resultaten derfan wiene goed. Yn de jierren 1769 oant 1776 waarden yn Hollân 438.045 kij oantaast troch kowepest. Dêrfan stoaren der 311.738 (71%). Yn de perioade 1774-1784 stoaren fan 2.751 yninte kij 191 (6,9% ). Dy getallen binne neffens de hjoeddeistige wittenskiplike mjitstêven net ferlykber, mar litte wol de effektiviteit fan de yninting sjen. In dúdlik neidiel fan de yninting wie lykwols dat likernôch 10% fan de keallen nei yninting ferstoarne oan it tatsjinne firus. It wie dan ek Geert Reinders dy't oanjoech dat ynintsjen by in episusje in goede saak wie, mar better oan 'e kant bliuwe koe as de sykte net hearske. Sûnt it begjin fan de tweintichste iuw komt kowepest net mear foar yn Europa.
Oprjochter ‘Sociëteit van Onderlinge Bijstand’
bewurkje seksjeNei it ferstjerren fan syn earste frou, Angenietje Klaasen (1732 -1785 ), troude Reinders fannijs mei Geertje Pieters (1742 -1796), widdo fan in kollega-boer. Troch in ûnfoarsichtichheid fan in tsjinstfaam ferlearen se ien fan harren twa pleatsen. Krekt as feesykten wie yn dy tiid in brân foar in boer sawat altyd needlottich. Dat ferlies sette him oan it tinken en op 23 april 1794 rjochte Reinders tegearre mei 20 kollega boeren mei yn totaal 27 opstallen de Sociëteit fan Onderlinge Bijstand op. De bedoeling derfan wie dat boeren har op basis fan solidariteit beskermje tsjin fatale gefolgen fan brân troch heabroei of wjerljochtynslach. Al yn de 17de iuw hold Johan de Witt him dwaande mei risikoberekkeningen, mar de foarm fan fersekerjen lykas Reinders dy ûntwurp, wie nij. Dizze opset fan de earste 'koöperative' fersekering krige oeral neifolging en is hjoed bekend ûnder de namme Univé Verzekeringen.
Politikus en bestjoerder
bewurkje seksjeGeert Reinders ûntwikkele him fan boer-keapman ta politikus en bestjoerder. Sa wie er om 1786 hinne ien fan 'e lieders fan 'e patriottyske beweging. Yn 1795 by de komst fan de Frânsen waard er roppen om de omkear yn de Ommelannen mei ta stân te bringen. Al gau nei de revolúsje waard er lid fan de Steaten fan de Ommelannen. Fan 1798 oant 1801 makke hy diel út fan de Eerste Kamer fan it Vertegenwoordigend Lichaam des Bataafschen Volks. Hy wie oars befreone mei de patriottyske rjochter Jan van Bolhuis.
Yn 1809 waard Reinders beneamd ta korrespondint fan it krekt oprjochte Koninklijk Instituut van Wetenschappen, Letteren en Schone kunsten, de foarrinner fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen en yn 1814 waard hy earelid fan it Natuur- en Scheikundig Genootschap yn Grins.
Literatuer
bewurkje seksje- Bruins, L.H. (1951). Leven en werken van Geert Reinders. Assen: Van Gorcum en Co.
- Horzineck, M.C. (1997). The birth of virolgy, Anthonie van Leeuwenhoek, 71: 15-20.
- Tersteeg et aL, J. (1998). De levensschets van Geert Reinders 1737-1815. Winsum: Stichting Historische Uitgaven Winsum-Obergum.