Earste Wyk

(Trochferwiisd fan Eerste Wiek)

De Earste Wyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Eerste Wiek) is in feart yn de gemeente Eaststellingwerf. De wyk rint fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn Appelskea oer Ravenswâld yn de rjochting fan it Fochtelerfean.

De wiken yn dit gebiet rinne oer it generaal fan noardeast-súdwest, de krúswiken steane dêr heaksk op, en rinne súdeast-noardwest.

De namme Eerste Wiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Eerste Wijk.