Egbert Jans fan Ljouwert

Egbert Jans van Leeuwarden (Ljouwert, 1608Utert, febrewaris 1674) wie klokmakker yn de stêd Utert.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Egbert Jans fan Ljouwert wurket yn 1630 yn Amsterdam as oerwurkmakker, wat bliken docht út in akte fan ûndertrou mei Grietje Vlug, wêryn't syn berop neamd wurdt. Mei Grietje krijt er yn Amsterdam minstens fjouwer bern, eardat er him yn Utert fêstiget. Yn elk gefal wurket hy yn 1652 yn Utert.

Egbert Jans ûntjout him as in eigentiidsk klokmakker, want yn 1665 lit hy as learmaster fan Simon Lachez kontraktueel fêstlizze dat hy him it slingerwurk bybringe sil:
Egbert Jans van Leeuwaerden heeft voor den tijt van vier jaeren aengenomen om (…) voort hantwerck te leeren soo van groot als cleyn werck slingerwerck ende sall boven vrij gereetschap vrij schorteldoeck ende yder jaer een daelder in de spaerbus noch elck jaer betaelen ses silver ducaten. Actum ut supra Symon Symons. Egbert Jans van Leeuwaerden. [1]
It slingeroerwurk is in pear jier dêrfoar, yn 1656, útfûn troch de natuerkundige Christiaan Huygens en de kennis hjiroer is grif troch Salomon Coster meinomd nei Utert ya doe't dy yn 1658 yn de Domtoer soksoarte slingeroerwurk joech.
Op 18 septimber 1667 wertrout Egbert Jans mei Maria Helmont yn de Dom. By har krijt hy noch in soan, Jan fan Ljouwert. Dy sil op syn beurt de learling wurde fan Simon Lachez.
Egbert Jans stjert yn febrewaris 1674 en is begroeven yn de Buurkerk yn Utert.

Oerbleaune klokken

bewurkje seksje

Ut syn Uertske perioade binne minstens twa klokken bewarre bleaun:

  • Fjouwerkant tafelklokje.
  • Fjouwerkant wekker-tafelklokje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van weeskind tot meester klokkenmaker fan R. Holthuizen yn TIJDschrift 2004/1.

  1. Het Utrechts Archief: Archief Burger Weeshuis, inv.nr. 768G: besteding van weeskinderen bij particulieren. 1665