Egbert II fan Breunswyk

(Trochferwiisd fan Eibert II)

Egbert II, ek wol Eibert II neamd (1060 - Selketdelling, Harz, 1090) wie û.m. greve fan Breunswyk, Meißen, Mid-Fryslan en Iselgoa tusken (1068-1088).

Egbert II wie de lêste telch út de Brunoanen-dynasty dy't as greve Mid-Fryslân bestjoerd hat. As syn heit Egbert I yn 1068 ferstjert en hy him opfolget is er noch mar njoggen jier âld. Hy is dan greve fan Meißen, Starum, Eastergoa, Westergoa en Iselgoa, Lykwols lit er him al gau kenne as ien fan de gefaarlikste fijannen fan de Dútske keizer Hindrik IV, dy't in neef fan him wie. Yn de skreaune boarnen is optekene dat er fjouwer kear yn ferset kaam tsjin syn lienhear, Hindrik IV. Like faak waard him it greefskip ûntnommen, de lêste kear foar altyd.

As Egbert posysje kiest tsjin de keizer, wurdt him yn 1076 it markgreefskip Meißen ôfhandich makke. Hy komt hjirtsjin yn opstân en as straf wurdt him yn 1077 ek Sudergoa ûntnommen dat formiel oerdroegen wurdt oan biskop Koenraad fan Utert. De Uterske biskop besiket syn ynfloed oer Fryslân út te wreidzjen, mar dat slagget net, want as Egbert troch hat dat er de striid net winne kin, fersoent er him mei de keizer yn 1080. Sa gau as er tinkt wer oer genôch macht te beskikken (yn 1086) komt er twaris yn opstân. Ek dy kear moat er belies jaan en rekket no al syn Fryske besittings kwyt. De goaen fan Mid-Fryslân en Iselgoa geane nei 1086 oer oan de biskop fan Utert.

Yn 1088 waard Egbert troch de kening fûgelfaai ferklearre en sneuvele yn 1090 by in opstân tsjin de keizer. Neisieten fan de greve yn de froulike line hawwe dêrnei allegeduerigen fersocht de goaen werom te krijen.

  • Douwe Kalma - Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 111.