Ekokatedraal

(Trochferwiisd fan Eko-katedraal)

De Ekokatedraal is in projekt om oerstallige boumaterialen lykas stiennen en stoepetegels op bysûndere wize opinoar te steapeljen en dêr trochhinne de floara en fauna harren natuerlike gong gean te litten.

Louis le Roy yn syn ekokatedraal yn Mildaam
Ekokatedraal

It projekt stiet op in stik grûn middenyn de bosken fan Mildaam, yn de gemeente It Hearrenfean. It projekt is yn de santiger jierren fan de 20e iuw útein set troch lânkipsarsjitekt Louis G. le Roy en sil neffens him yn alle gefallen wol oant it jier 3000 duorje. Sa'n tiidrek soe nammentlik fereaske wêze om prosessen bestudearje te kinnen dy't ivich duorje. Om yn te stean foar de kontinuaasje is yn 2001 de Stifting Tiid oprjochte, dy't ek as doel hat om ferlykbere ekokatedrale prosessen te begjinnen yn binnen- en bûtenlân.

Yn 2008 kaam der foar it terrein dêr't de earste Ekokatedraal boud waard in offisjeel bestimmingsplan, "Ecokathedraal proces", goedkard troch Provinsjale Steaten, dat it paad sljochte foar te ferlykjen projekten yn Nederlân.

Eksterne keppelings

bewurkje seksje