De ekstergoes (Anseranas semipalmata) is in frjemde soart yn it skift fan de goeseftigen. De soart wykt sa ôf fan de rest fan de fûgels dat er yn in eigen famylje set is, de spjaltpoatgoesfûgels. De twa oare famyljes binne de Razerfûgels en de Einfûgels. Hoewol de ekstergoes in protte op in goes liket is er nei alle gedachten mear besibbe oan de razerfûgels. De Ekstergoes is goed wer te kennen oan syn swart en wite dek en syn giel-oranje poaten.
Ekstergouzzen komme foar yn Noard-Austraalje en yn it suden fan Nij-Guinea. Se binne te finen yn iepen lân mei wetter, sa as wetterflakten en sompen. It nêst makket de Ekstergoes op de grûn. Yn it nêst wurde sa'n 5-14 aaien lein. De Ekstergoes briedt yn koloanjes. As ienigste fûgel yn it skift is de Ekstergoes gewoan om syn jongen in skoft te fuorjen, wylst by alle oare soarten goeseftigen de jonge pykjes sels harren iten byinoar skarrelje moatte.