Elingastate, ek: Heringastate lei yn Hantumhuzen, gemeente Dongeradiel, súdlik fan de tsjerke. Fan de state is neat werom te finen. De state is nei alle gedachten yn de 14e iuw boud.

Elinga 2010

De famyljenamme Elingha kaam al yn 1423 yn Hantumhuzen foar. Yn 1511 wurdt Gielt "Ellengen syn eygen besit" neamd. By it skeel tusken Thiallama en Poptsma yn 1423 waard ek Jield Elingha neamd. Hy waard yn de oanbelangjende fete deaslein. Inkele generaasjes letter wie der yn Hantumhuzen opnij sprake fan ien of mear nammegenoaten. Yn 1470 waard der rekken mei hâlden dat Gialt Elenga of syn erfgenamten oanspraken meitsje koenen op Hibbemastate op De Lytse Jouwer. Gielt Ellingen wie yn 1511 eigener en bewenner fan Elinga. In dochter fan him boaske mei Jeppe Itsma út Wierum, dy't him tenei ek Jeppe Elinga neamen gie. Yn 1543 waard hy as lânhear yn Hantumhuzen neamd.

Yn 1561 waard Bennert fan Heringa, soan fan Haring Heringa en His Aebingha te Hijum, yn Hantumhuzen begroeven. Nei alle gedachten wie hy mei in frou Itsma/Elinga troud. Omdat de Heringa's yn Hijum wennen, ferpachten se Elinga; letter ferkochten se it. Yn 1640 kaam it goed yn hannen fan in eigenierde boer. De Schotanusatlas joech yn 1664 en 1718 Heringa lykwols noch as edele state oan.
Yn 1635 waarden neist in binnenhûs, in "koecken, een poeskoecken, een langhhuys ende schuire nog een graft en cingel" fermelde. De kadastrale minút (1832) fertoant gjin grêft of oare bysûndere kenmerken mear.

Om 1980 stie op it stee noch in pleats fan it kop-hals-romp type mei in lang foarhûs. Anno 2010 stiet hjir de moderne melkfeehâlderij dêr't ek griene stroom produsearre wurdt troch biofergisting.

Eigeners/bewenners bewurkje seksje

  • 1423 Jield Elingha ?
  • 1470 Gialt Elenga ?
  • 1511 Gielt Ellengen
  • 1543 Jeppe Itsma/Elinga
  • 1561 Bennert fan Heringa
  • 1640 Binnert fan Heringa erven, brûker Rienck Jelles
  • 1689, 1728 Arend fan Bolten (abbekaat, “papist”)
  • 1832 Cornelis Klazes Heemstra, lânbouwer te Hantumhuzen

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen.
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009